GEMEENTE LEEUWARDERADEEL WURKLIST Underwerp: Riedsgearkomste Stiens, 30 augustus 2011 Achte leden fan 'e Rie, ik noegje jimme ut om de riedsgearkomste fan 8 septimber 2011 by te wenjen. De wurklist en bybehearrende stikken treffe jimme hjirby oan. Alle stikken lizze op gebruklike wize op besjen yn de leskeamer fan it gemeentehus. De wurklist mei utstellen leit foar eltse belangstellende op besjen yn de hal fan it gemeentehus en de iepenbiere bibleteek yn Stiens. De gearkomste wurdt balden yn it gemeentehus fan Stiens en begjint om 19.30 oere. De boargemaster, Drs. Joop R.A. Boertjens Nr. fan de wurklist 1. Iepening en meidielings foarsitter 2. Feststellen wurklist 3. Ynsprekrjocht boargers 4. Fragehealoere riedsleden 5. Feststellen ferslach fan de gearkomste fan 30 juny 2011 YNFORMEARJEND UNDERDIEL 6. Ynkommen stikken (lizze op besjen) 7. Ynkommen stikken ut it kolleezje fan b&w oan 'e ried yn it ramt fan aktive ynformaasjeplicht (lizze op besjen) Nr. fan it utstel Kest 25a. (RfO) Boargers kinne mei-inoar maksimaal 30 minuten it wurdflere oer underwerpen dy 't op 'e aginda steane. Alle sprekkers krije net longer as fiif minuten. Ynsprekkers moatte dat op syn lest oant 24 oerenfoar it begin fan de gearkomste oan de griffter meld hawwe Kest 40 (RfO) As in lidfan 'e riedyn de fragehealoerefragen stelle wol, moat dit mei oantsjuttingfan it underwerp op syn minst 12 oeren fan te foaren meldt wurde by de foarsitter. Neffens de ofspraken dy't makke binne kin in riedslidyn 't plak fan de foarsitter ek de griffter op de hichte stelle. Kest 19 (RfO) Tekstwizigings kinne foar it begjinfan de gearkomste yntsjinne of oankundige wurde by de griffter. Kest 20 (RfO) In riedslid kin oant 12 oere foar it begjinfan de gearkomste oan de griffter trochjaan oer hokker Ynkommen Stikken hy of sy it wurdfiere wol. Kest 20 (RfO) In riedslid kin oant 12 oere foar it begjinfan de gearkomste oan de griffter trochjaan oer hokker Ynkommen Stikken hy of sy it wurdfiere wol

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2011 | | pagina 2