LEEUWARDERADEEL 5 GEMEENTE Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 8 septimber 2011 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 11. Konsept wizigingsoardering Lisplakoardering Ljouwerteradiel De hear L. Tilma (CDA): It CDA is net bliid mei wer in regel der't lit fuortkomt dat der neat mei, 'tenzij'. Wannear't de untheffings mei minimale drokte foar boargers en amtners jun wurde kinne dan kin it CDA derachter stean. Sjoch der nochris nei oft it echt wol nedich is. De hear P.van der Werff (PvdA): Yn prinsipe is de PvdA akkoart mei de lisplakoardering. Is foarof mei de minsken praat en wol men meiwurkje oan it gehiel? Makket men fan in mich net in oaljefant? De hear Tuininga (FNP): De FNP kin ynstimme mei de wizigings. It sil neffens him mei de untheffings wol tafalle. Van Diggelen (WD): De WD is het eens met het CDA. Waarom zijn er knelpunten? De vaart kan toch wel breder gemaakt worden? De hear Ketellapper(GBL): Men moat gjin antyreklame krije. GBL slut him oan by de reaksje fan it CDA. De saak moat goed oftimmere wurde. Oer hoefolle boatsjes giet it eins? Wethalder Keizer: Der meie lytse troch hankreft oandreaune boatsjes lizze. Der binne 10 yndividuele gefallen buten de kom fan Aide Leie (dat is foar it grutste part gemeentegrun) yn it butengebiet bekend. It is binnen de beboude kom hiel lestich om de feart ut te wreidzjen. Hy kin tasizze dat men sa soepel mooglik omgean sil mei de untheffings. It giet lykwols yn it foarste plak om in obstakelfrije trochgong. Twadde termyn De hear Ketellapper(GBL): Dus de boatsjes yn Aide Leie sille dus der wei moatte. Dat sil hiel wat gedoch jaan omdat men der miskien al hiel lang in boat te lizzen hat. Men fart der no dochs ek wolris lans mei in oare boat? GBL kin it mei sa'n oanpak net iens weze. Van Diggelen (VVD): Hij is het daarmee volledig eens. Men mag de rekening niet leggen bij de mensen die daar wonen. Hun huis zou minder waard worden als men niet meer de mogelijkheid heefit om een boot aan te leggen. De hear L. Tilma (CDA): Is in obstakelfrije trochfeart in feart sunder boaten oan de kade? De hear P.van der Werff (PvdA): De Alvestedefarrute stiet foarop. Der hat men doedestiids foar keazen. Benaderje de minsken aktyf. Is dat al bard? De feroardering moat der fansels

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2011 | | pagina 66