organisatie. Wat men via een efficiencyslag daaraan overhoudt, zal men kunnen gebruiken voor zaken die de burgers aangaan. Het is niet gelukt om ict bij IZSF onder te brengen. Hoe kon het college een aantal maanden geleden zeggen dat het wel goed zou komen? Het zou een voorbeeld van de Middelseesamenwerking zijn. Een en ander wijst op een gebrek aan visie over de bedrijfsvoering. Het is tijd voor een kemtakendiscussie. De hear Dijkstra (FNP): Oer it generaal wie de FNP it iens mei de kademota. It hat in protte tiid nommen en der is tige wiidweidich praat oer de notysje en oer wat der ynbrocht is. Men hie It Gryn in taakstelling oplein fan 285.000 euro en no wol men wer in ekstra taakstelling oplizze troch it skoalswimmen derof te heljen. Dat is yn syn eagen in 'onvolkomendheid'. Men wit net wer't de sifers oer underhald diken op basearre binne. Men wit ek noch net krekt wat fanut it Ryk op de gemeente ofkomt. De kademota is dan ek in koersdokumint. By de begruttingsbehanneling komt eins de earste echte sessy fan de kademota. It stiet wol fest dat men besunigje moat. De gemeente moat stean foar in tal keamtaken en der syn ferantwurdlikheid foar nimme. As dy net op peil binne dan sil de provinsje yngripe en dan is men fierder fan hus. De FNP kin mei de koers ynstimme en komt net mei amendeminten of moasjes. De hear De Kroon (PvdA): Op 30 juny hat men der oer praat. Der wienen ek 5 ynsprekkers en de PvdA wie dan ek benijd nei de nije ferzje fan de kademota. Dat wie in teloarstelling want allinne de post rekreaasje en toerisme is mei 5.000 euro omleechbrocht omdat it in flater oangie. Wienen de opmerkingen fan 30 juny net sinnich genoch om yn de kademota te ferwurkjen? De gearfetting op side 4 jout oan dat men yn 2012 hielendal net hoecht te besunigjen. Der is in saldo fan 163.000 euro en dan besuniget men 470.000 euro en oan nij belied jout men foar mear as in heal miljoen ut. As men de besunigings en it nije belied net trochfierd hie foar 2012 dan hie men in slutende begrutting han. Yn de 2010 by de provinsje yntsjinne begrutting slute de jierskiif 2014 mei in tekoart fan 7,5 ton. Dy jierskiif jout no in lytse ton oan en dat is in gigantysk ferskil en dertroch sjocht men oars nei de kademota. De maaiesirkulere hat dy grutte feroaring feroarsake. Kloppet syn konkluzje oer in slutende begrutting yn 2012 en 2013 op gran fan syn berekkening? In tal gemeenten hawwe de maaiesirkulere nochris neirekkene en dy moatte no foars yngripe. Hat Ljouwerteradiel der ek lest fan? Neffens de kademota sil men yn 2012 in heal miljoen besunigje. Nettsjinsteande de foarse besunigings slute de jierskiven mei in plus fan sawat in ton. Is dat wol ferstannich belied? De sinten wurde by de boargers weihelle. Men ferskraalt it sosjale, maatskiplike en kulturele klimaat yn de gemeente en stekt de besparre sinten yn stiennen. Dat is sosjaal net ferantwurde. Hy giet yn op de reaksjes fan it kolleezje. Oer it grienunderhald. Der is neffens him neat besletten yn de 'benen-op-tafelsessies'. Yn de kademota stiet in better foarstel, nammentlik 'het college op te dragen verder te onderzoeken of er op dit onderdeel financieel voordeel te behalen is.' Der moat men lykwols wol in konkreet bedrach by sette. Neffens de PvdA is in taakstelling fan 5% (=37.500 euro) mooglik. Men hat ek in jier neat heard oer it undersyk om de kosten foar underhald diken te ferleegjen. No giet dy post krekt omheech mei hast in kwart miljoen. Wat hat it kolleezje mei dat foamommen undersyk dien? It kolleezje freget him sels ek noch of oft it bedrach wol reeel is. It moat beheind wurde ta 10% neffens de PvdA. Dat soe in ton opsmite. It kolleezje wol it skoalswimmen ofskaffe. Der moat noch ien en oar regele wurde yn in deal mei It Gryn oer dat ofskaffen. Derom kin men net dy folsleine besuniging yn de kademota opnimme. De PvdA soe de ferfierskosten hanthavenje wolle en dat men yn feite better it

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2011 | | pagina 96