skoalswimmen trochgean litte kin, want dan hoecht men It Gryn net mear te kompinsearen. De underwiisbegelieding. Neffens it kolleezje is de besuniging ferantwurde omdat der 'een algehele transitie van Jeugdzorg plaatsvindt'. De ynfiering fan passend underwiis is noch geande. It is unsin om no al te besunigjen op de underwiisbegelieding. De feroaring yn de Jeugdsoarch kin gjin argumint weze om der op te besunigjen omdat dat no pas op gong komt. De PvdA fynt de ynvestearings yn de jeugd fan grut belang en dy moatte dus bliuwe. De foarstelde besunigings foar Stichting Welzijn Middelsee soenen neffens it kolleezje fiergeande konsekwinsjes hawwe foar it wurk fan de stichting. In koarting fan 5% is foar de PvdA it maksimum. Algemien maatskiplik wurk is wichtich om knipepunten oan de foarkant op te lossen. As men dat net docht dan komme de lesten dubeld en dwers foar de mienskip werom. By de al opleine besuniging fan 10% foar 2010 soe it dan ek neffens de PvdA bliuwe moatte. De besuniging op de WMO-adviseur. It is ferstannich om der wol sinten foar ffij te meitsjen. De PvdA giet dan ut fan 24.000 euro. It minimabelied moat men hanthavenje sadat de oanbelangjende minsken net fierder isolearre reitsje. De biblioteek. It kolleezje stelt yn de reaksje foar om de subsydzje fest te stellen 'op de landelijke norm vermeerderd met de huisvestingskosten'. Dat is in goed foarstel. Dochs hat men der gjin rekken mei halden yn de kademota. Dy husfestingskosten moatte wol subsidiearre wurde. Hoe sit dat no krekt? By kultuer wol men in besuniging oplizze fan 25%. Dat smyt in te hege drompel op, benammen foar de jeugd. In ferheging fan 12,5% soe it maksimale weze moatte. It hanthavingsburo. Men soe net besunigje kinne op it hanthavingsburo omdat dat yn Middelseeferban utfierd wurdt. Yn artikel 3, lid 3 fan de tsjinstferlieningsoerienkomst stiet lykwols 'op verzoek van Leeuwarderadeel is tussentijdse aanpassing van voor Leeuwarderadeel bestemde onderdelen van het werkprogramma mogelijk'. En yn artikel 6 stiet dat Ljouwerteradiel alle jierren oanjout hokker wurksumheden it hanthavingsburo it oare jier dwaan moat foar Ljouwerteradiel. De konkluzje fan it kolleezje dat Ljouwerteradiel sels net bepale kin hokker taken it hanthavingsburo foar Ljouwerteradiel utfiert, doocht dus net. In besuniging fan 10% op hanthaving is neffens de PvdA ferantwurde en dat smyt 15.000 euro op. Stiens is in belangryk doarp yn de gemeente en derom moat men yn it doarpefuns foar 2012 6.000 euro foar Stiens opnimme. Yn de kademota stelt it kolleezje foar 'het college op te dragen een verdergaande vorm van samenwerking te zoeken met de organisatie en materieel van de buitendienst'. Dat moat dan wol dudliker omskreaun wurde mei konkrete bedraggen. In besparring fan 30.000 euro moat neffens de PvdA mooglik weze. Troch it fuortgean fan in pear amtners ut de top moat hast alles oer 'e kop. Besunigje op de top fan de organisaasje, op syn minst mei 40.000 euro. Ien en oar is yn de amendeminten werjun, ynklusyf de plussen en de minnen dy't de plannen opsmite. De foarstelde besunigings smite 220.000 euro op en de oare plannen kostje 190.000 euro. De PvdA wol graach in reaksje fan de oare fraksjes en it kolleezje. De raad van de gemeente Leeuwarderadeel in vergadering bijeen op 8 September 2011 Ondergetekenden stellen de volaende amendementen betreffende de Kademota 2012 voor 1- Programma 3 Groenonderhoud pagina 10 Ter concretisering van het voorstel van het college om: "het College op te dragen verder te onderzoeken ofer op dit onderdeelfinancieel voordeel te halen is" te besluiten tot een bezuinieing op de kosten van groenonderhoud van 5 goed voor 37.500 euro.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2011 | | pagina 97