De hear Tuininga (FNP): De FNP kin ynstimme mei de wizigings. It sil neffens him mei de untheffings wol tafalle. Van Diggelen (WD): De WD is het eens met het CDA. Waarom zijn er knelpunten? De vaart kan toch wel breder gemaakt worden? De hear Ketellapper(GBL): Men moat gjin antyreklame krije. GBL slut him oan by de reaksje fan it CDA. De saak moat goed oftimmere wurde. Oer hoefolle boatsjes giet it eins? Wethalder Keizer: Der meie lytse troch hankreft oandreaune boatsjes lizze. Der binne 10 yndividuele gefallen buten de kom fan Aide Leie (dat is foar it grutste part gemeentegrun) yn it butengebiet bekend. It is binnen de beboude kom hiel lestich om de feart ut te wreidzjen. Hy kin tasizze dat men sa soepel mooglik omgean sil mei de untheffings. It giet lykwols yn it foarste plak om in obstakelfrije trochgong. Twadde termyn De hear Ketellapper(GBL): Dus de boatsjes yn Aide Leie sille dus der wei moatte. Dat sil hiel wat gedoch jaan omdat men der miskien al hiel lang in boat te lizzen hat. Men fart der no dochs ek wolris lans mei in oare boat? GBL kin it mei sa'n oanpak net iens weze. Van Diggelen (WD): Hij is het daarmee volledig eens. Men mag de rekening niet leggen bij de mensen die daar wonen. Hun huis zou minder waard worden als men niet meer de mogelijkheid heefit om een boot aan te leggen. De hear L. Tilma (CDA): Is in obstakelfrije trochfeart in feart sunder boaten oan de kade? De hear P.van der Werff (PvdA): De Alvestedefarrute stiet foarop. Der hat men doedestiids foar keazen. Benaderje de minsken aktyf. Is dat al bard? De feroardering moat der fansels uteinlik wol komme. Wethalder Keizer: Men hat de minsken net benadere. Men leit de oannommen feroardering foar ynspraak op besjen. Der sille fest reaksjes op komme en dan komt it yn 'e ried werom. De runfeartboaten moatte de feart befarre kinne; der binne de ofmjittings fan de sluzen no krekt op ofstimd. Yn Aide Leie kin men gjin boaten oan 'e kant hawwe. Oars soe men noch werris in ynvestearing dwaan moatte foar in soarte fan ferkearsregeling. De hear L. Tilma (CDA): It CDA fielt der neat foar om op bepaalde dagen de boaten oan in bepaalde kant te oan te lizzen. De runfeartboaten moatte der lans kinne. Benaderje de belutsen minsken aktyf foardat men it formele paad ynslacht. Wethalder Keizer: Men hoecht it net foar ynspraak op besjen te lizzen. Dochs wol men dat by dizze feroardering dwaan. Jou it konsept foar ynspraak frij en stel it letter mei de mooglike reaksjes al of net wizige fest. De foarsitter: De definitieve wijzigingsverordening komt dus met mogelijke reacties via de inspraak terug bij de raad. Bij het dorpsbezoek volgende week in Aide Leie zal men het ook ter sprake brengen. Er wordt unaniem conform het voorstel besloten. 12. Jierstikken 2010 - 2012 Branwacht Noardwest Fryslan

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2011 | | pagina 11