ook zelf kunnen bepalen of men het openbaar houdt of niet. De hear Tuininga (FNP): De FNP hat De Klompskippers ek op besite han. Hy kin him de soargen fan De Klompskippers wol foarstelle. De haven soe neffens in bestjoerslid in iepenbier karakter halde. De situaasje soe bliuwe lykas dy is en derom kin de FNP mei it foarstel ynstimme. De hear L. Tilma (CDA): By ferkeap geane de lusten en lesten en dermei ek de oanspraaklikheid oer. De Klompskippers geane in ynspanningsferplichting oan mei it doarp om it iepenbier te halden. Miskien kin it doarp mei De Klompskippers derfoar soargje dat der in paad westlik fan it terrein fan de skippers foar it berikken fan in eigen fisksteiger en swimgelegenheid oan de feart komt. Sa'n iepenbiere foarsjenning jout mear mooglikheden foar kofinansiering. De eigner fan de grun is der posityf oer en it komt de leefberheid fan it doarp te'n goede. De hear Ketellapper(GBL): It soe sa bliuwe as it is en der kin GBL mei ut de fuotten. Hy soe graach hearre fan de wethalder wat der oer de iepenbierens te sizzen is. Wethalder Wachter: In februari was er een overleg met De Klompskippers en dorpsbelang. Er is intensief contact met elkaar. Iedereen beleeft het echter op zijn eigen manier. Yorige week is in het overleg met dorpsbelang de haven weer aan de orde geweest. Zij leest vervolgens de intentieverklaring van De Klompskippers vooh De watersportvereniging houdt zich het recht voor om in geval van overlast het terrein op al dan niet gezette tijden te sluiten. Volgens haar gedraagt de vereniging van De Klompskippers zich als een waardige partner van het dorp. De hear P.van der Werff (PvdA): Werom is sa'n yntinsjeferklearring net earder oan de ried tastjoerd? Dit is in minachtsjen fan de ried. Wethalder Wachter: Zij heeft de intentieverklaring dfeze middag pas gekregen; ze had het graag vooraf willen aangeven. De suggestie van het CDA zal men voor de toekomst moeten overlaten aan de betrokken partijen. Twadde termvn De hear Ketellapper(GBL): It is fan belang dat de minsken om tafel sitten hawwe. It giet him lykwols te maklik dat ien partij iensidich in beslut nimme kin. It soe yn oerlis gean moatte mei in oare partij as de plysje en/of de gemeente. Men soe der in buordsje delsette kinne mei de tekst 'Betreden van het terrein op eigen risico'. De hear Tuininga (FNP): Der is in hiele lange tradysje dat de Britsumers der al swimme. As der al wat negatyfs plakfynt dan sil it neffens syn ynformaasje net sunder mear ofsletten wurde. De hear P.van der Werff (PvdA): Men kin no eins gjin goed beslut nimme. De PvdA wol earst de yntinsjeferklearring under eagen hawwe. De hear Kielstra (VYD): Hij is het daarmee eens. Een intentieverklaring is erg subjectief. Er zit een spanning tussen wat men wil en wat kan. Er kleven ook juridische haken en ogen aan. Houd het voorstel dus eerst aan. 13

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2011 | | pagina 16