LEEUWARDERADEEL GEMEENTE Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 27 oktober om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 10. Wegebehearsplan 2012-2016 De hear Van Diggelen (WD): De WD heeft van het wegenbeheersplan kennisgenomen. Het plaatje insinueert een beetje dat de tractors de slechte staat van de wegen veroorzaken. De hear Ekas (GBL): Het wegenonderhoud staat er niet rooskleurig voor. Er wordt ruim 7 ton voor extra onderhoud gevraagd. Op jaarbasis heeft men structured nog meer dan 2 ton tekort. Er moeten volgens het college prioriteiten gesteld worden. Het zal volgens hem niet meevallen om de wegen op een redelijk peil te kunnen brengen en te houden. Hij wenst het college veel wijsheid daarbij. De hear L. Tilma (CDA): It CDA hat in tal fragen. Men giet ut fan in grut tal oannames. Wienen de tekoarten net earder sjoen troch de wethalder en it amtlik apparaat? Wer wie de provinsje mei it tafersjoch foar 2012? As dat doe net safolle foarstelde dan hat dat no ek net safolle om 'e hakken. Wie der gjin ynsidinteel jild west om de foarsjenning by te plussen? De hear P.van der Werff (PvdA): De PvdA nimt kennis fan it wegebehearsplan. Der skynt net in beliedsnotysje te wezen. Yn april 2010 hat in amtner lykwols al wat skreaun oer in oare oanpak. It kolleezje moat neffens him dan ek mei in koarte beliedsnotysje komme kinne. Hoe sit it mei de gefolgen fan it Noardwesttangint? Wer is de 232.000 euro op basearre? De hear Dijkstra (FNP): Men stiet altyd foar kosten foar wegenunderhald. Der komt no in earste oanset wertroch't it wat minder slim wurdt. De unttrekking fan bepaalde wegen oan de iepenbierens liket de FNP net op syn plak. Nei de werkategoarisearring fan wegen of tapassen fan oare konstruksjes soe noch wolris sjoen wurde kinne. De ffekwinsje fan it gebruk is mei bepalend foar it underhald. De FNP kin har fierder fine yn it stik. Wethalder Keizer: It hat in hiele wrakseling west om it op 'e tiid klear te krijen. De 232.000 euro is it resultaat fan in ynteme oefening. De systematyk fan de Stichting CROW hat men derop loslitten. Der komt ut it undersyk nei foaren dat men foar in perioade fan 50 jier sa'n 43 miljoen nedich hat. Men komt uteinlik noch sa'n 2 ton it jier tekoart. It stik sil fierder utwurke wurde. De ynfloed fan de oanlis fan it Noardwesttangint sil meinommen wurde. It underhald soe men ofhingje litte kinne fan it gebruk. Men koe de tekoarten yn dizze omfang net foarsjen. Men hat hyltyd prioriteiten ferskood. Dat wie net befredigjend en derom leit der no in wegebehearsplan. Der wie te min jild om alles

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2011 | | pagina 64