LEEUWARDERADEEL GEMEENTE Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 27 oktober om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 11. Programmabegrutting 2012 De hear Keuning (CDA): It is in goede saak dat der SMARTER formulearre wurdt. Men wie tefreden mei de kademota mei it oerskot fan in lytse ton. Der is lykwols no mar in oerskot fan sa'n 20.000 euro. Yn de finansjele kommisje is der ek oer praat. De kans is dat der yn 2012 hegere kosten op de gemeente ofkomme. Mei in besparring op de personiele besetting en in bettere grunferkeap kin men hooplik 2012 wat geunstiger ofslute. It CD A giet akkoart mei it foarstel. De hear De Kroon (PvdA): Hy wol by de programma's delrinne. Boarger en bestjoer. Men sil ynformaasjegearkomsten organisearje en dat is in prima saak. Hy referearret oan it plan by Albert Heijn. Dat foldie neffens him alhiel oan dy betingsten. Mar it kolleezje hat der gjin ferlet fan dat de boargers derby belutsen wurde. Watfoar kritearia moat men dan hawwe? Op side 3 giet oer it manifest ferkearsfeilichheid. Der stiet wol dat men sinten hat mar net wat men dermei docht yn 2012. Op side 15 giet it ek oer dat manifest. Moat it wol meirinne yn dy beide programma's? De fytsrute nei Sint Japik wurdt ek neamd. De provinsje hie foar 2011 it foamimmen om de 'fietssnelweg' oan te lizzen. De kosten foar Ljouwerteradiel waarden rusd op 2 ton, mei in subsydzje fan 80.000 euro. De fraach is oft de 120.000 euro wol yn de begrutting sit. Side 18, de lokale ekonomy. Der steane gjin konkrete plannen. Werom neat oer bygelyks in glesfezelnet? Side 20, underwiis. Der stiet 'de coalitie is van plan om meer opvang te realiseren.' Dat is in moai plan fan de koalysje! It giet ek oer underwiishusfesting. Der is ferlet fan in husfestingsplan oer de lange jierren. Moat men der neat fan opnimme? Side 27, wolwezen. It giet der om Omtinkerij Leeuwarderadeel. Der is in missy en in utfieringsplan. Dat moat wol utfierd wurde yn 2012. De WMO-adviseur is undertusken fiiortbesunige. Kin men soks dan wol utfiere? Op side 32 giet it under mear oer de ferpaupering fan de wiken. Der wienen prestaaasje- ofspraken mei de wenningboukorporaasje. Kin men der dan noch wat oan taheakje? En werom is it spesjaal foar de lytse doarpen? Op side 41 giet it oer de lestedruk foar de hushaldings. Foar in mearpersoanshushalding mei in eigen wenning fan 225.000 euro is dy lest 897 euro yn 2012. Hy wiist derop dat Ljouwerteradiel op plak 404 (fan de 421) kwa lestedruk fan de Nederlanske gemeenten stiet. Side 58, it granbelied. De projekten yn de lytse doarpen rinne tige goed en der soe men mear omtinken/publisiteit oan jaan moatte. Side 61, de besparring. By de kademota hat men der wakker oer kediisd, mar spitigemoch hat men net foar de moasjes fan de PvdA stimd. Der is by programma 6 (It Gryn-biogas) in besuniging ynboekt fan 20.000 euro. Sil dy besuniging realisearre wurde yn 2012?

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2011 | | pagina 69