De hear Tuininga (FNP): De FNP fynt it better dat it plan earst in jier opskoot, sadat mear dingen bekend binne. De hear P.van der Werff (PvdA): Hat men net fierstente hurd in beslut nommen? Yn it gemeentlik belied stiet dat men boargerpartisipaasje heech yn it findel hat. Men hat dus spitigemoch te gau in beslut naam oer it park. De PvdA fynt dat men mei it stik wol weromkomme kin op in stikje fan datselde beslut sadat men mei de omwenners yn oerlis komme kin ta in bettere ynfolling. Der is in lytse wiziging oangeande it eardere plan oer de tagong ta Albert Heijn. De hear L. Tilma (CDA): It CDA hat op himsels gjin beswier mei it utstel fan dit diel fan it plan, mar mist wol de argumintaasje. Wethalder Keizer: De argumintaasje fan de ferkearskommisje wie dat der wat wizige waard. De kommisje wol earst sjen wat de effekten weze kinne fan in mooglike taname fan besikers oan de winkel. De foardracht fan de hear Visser hat him wol wat dien, mar yn it foarstel giet it no allinne oer de ferkearsmaatregels. De tagong ta Albert Heijn lei yn it earste plan op in net- winsklik plak en derom is dy no ferskood. It jild kin wol sa lang lizzen bliuwe. In bushalte oan wjerskanten komt him ek net sa gaadlik foar. Twadde termyn De hear L. Tilma (CDA): Is it dudlik dat it aanst wol mear jild kostet no't men net yn in wurk- mei-wurksituaasje de saak oanpakt? De hear P.van der Werff (PvdA): Wat tinkt de wethalder fan oerlis mei de omwenners? Wethalder Keizer: Hy hat net de yndruk dat it no botte djoerder wurdt. De gemeente stiet foar de werynrjochting fan de Wythusterwei en de utbaterTan de winkel moat him rede mei de rest lykas de parkearplakken. As men de ynrit mar in bytsje ferskoot dan hoecht men gjin oerlis mei de omwenners. De hear P.van der Werff (PvdA): Gean earst mei de minsken yn diskusje oer mooglike oplossingen. Wethalder Keizer: Hy hat dat ferlet no net. De foarsitter: Er wordt unaniem conform het voorstel besloten. 11. Oanwizing kategoryen gefallen werby't gjin ferklearring fan gjin betingsten easke wurdt. De hear De Kroon (PvdA): It is in goede saak dat de list der komt. As de provinsje it net hoecht te dwaan dan hoecht de ried it ek net te dwaan (earste streekje). Mei it punt under streekje 2 hat er mear muoite. Saken kinne botse en gruttere ofwikings fan it bestimmingsplan soenen dan wol oan de ried foarlein wurde moatte. Dus gjin ynstimming mei dat punt. Oangeande it punt by it tredde strekkje: de ried hat gjin foaroerlis en derom moat soks dus fia de gewoane riedsgearkomste gean. Syn foarstel sil net bot ta fertraging liede. De hear Dijkstra (FNP): By it earste streekje under punt 2 giet it om in aide list en dat is foar de FNP akkoart. Oangeande it twadde streekje merkt er op dat de provinsje mei grutte

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2011 | | pagina 9