LEEUWARDERADEEL 5B GEMEENTE Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 17 novimber 2011 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 9. Neijiersnotysje 2011 De hear Kielstra (WD): Op pagina 9 gaat het over de verkeerscommissie. Men zou in november iets tegemoet kunnen zien. Wanneer gebeurt dat? Pagina 11, lokale economie. Wat gebeurt er nu eigenlijk met programma 4? Middelsee II loopt vol. Komt nu Middelsee III in beeld? Pagina 17: Wat zijn de problemen met het pensioenfonds? Pagina 19: De website is een succes. Maar geldt dat ook voor het Centrum voor Jeugd en Gezin? Pagina 20: De gemeente heeft zich twee keer verrekend. Op zulke zaken moet je volgens de WD strenger letten. Pagina 25, programma 9. Bij de kleine dorpen wordt abusievelijk De Steens vermeld. De hear Keuning (CDA): De lay-out is prima. In tal wizigings binne net yn de tekst werom te finen. Oer de programma's 1, 2,4, 5 en 8 hat er gjin fragen. Programma 3. Yn de tekst wurdt 1800 euro beneamd by post 210. Yn de foaijiersnota stiet 8.000 as oerskriding en it ferskil wie doe 14.767. De begruttings binne dus ferhege op basis fan net te ferklearjen ferskillen. Werom kin men se ek net weromfine yn de rekapitulaasje finansjes? Lyksoartige net te ferkleaijen ferskillen konstatearret hy ek by posten yn oare programma's lykas by It Gryn, maatskiplike begelieding, hushaldlike fersoarging, partisipaasjebudzjet, sosjaal-kultureel wurk en bemeopfang. Oangeande programma 9 dielt it CDA de soarch oangeande de 4 (oranje) underdielen. Hooplik lukt de ekonomy wat oan wertroch't der mear boud wurde kin. Ek oer programma 10 makket it CDA him soargen oer de algemiene utkearings ut it gemeentefuns. Is it ambysjenivo net te heech? Programma oerstiigjende underwerpen: As der sykte is yn it gemeentehus, soe men dan net sjen kinne nei in amtner yn ien fan de oare Middelseegemeenten? Der giet in grut bedrach fan 75.000 euro ut de reserve. Hy moat earst antwurd hawwe op de troch him stelde fragen om feststelle te kinnen oft de finansjele rekapitulaasje wol klopt. Hoe ferhaldt de neijiersnotysje har ta de rekken 2011? Hoe slut men 2011 of? Syn fragen binne op skrift beskikber. De hear De Kroon (PvdA): De tsjinfallers en meifallers falle aardich tsjininoar wei. De PvdA fynt dat de rapportaazje hjir en der wol wat better kin. Side 7, it feilichheidsburo yn It Bilt. Men moat der as Ljouwerteradiel 23.000 euro ekstra foar frijmeitsje. Jout dat op in oar plak in besparring? Side 13, it learlingeferfier. Der moat 10.000 euro bypast wurde. It is in iepeneinregeling en it sil dus wol moatte. Wurdt deroer prakkesearre om it soarchferfier mei it learlingeferfier te kombinearjen? De provinsje wol sokke nije foarmen miskien wol stimulearje. 1

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2011 | | pagina 25