LEEUWARDERADEEL GEMEENTE 5B Ferslach fan de ekstra riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 22 desimber 2011 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 3. It unteigenjen fan stroken grun foar de Noardlike Alvesteden Farrute Wethalder Keizer: Op dit momint is der noch goed in hektare yn it geding. It omfiemet no noch 5 perselen. De hear Ketellapper(GBL): It is spitich dat men der no yn in ekstra riedsgearkomste oer prate moat. Men is wat yn de problemen kommen mei de oankeap fan guon stikken grun. Hy hat noch kontakt han mei de wethalder oer de saak. Der binne gelokkich noch minsken taheakke. It is nochal wat as men in brief yn de bus krijt en men noch beslute moat oer ferkeap. It hie neffens him wol wat effisj inter en nofliker ferrinne kinnen. GBL is wat teloarsteld oer it gedrach fan guon riedsleden de foarige kear. De wethalder hat ek wurden brukt nei riedsleden ta dy't him sear dien hawwe. Der binne dizze jun in protte riedsleden net oanwezich en dat is net goed foar sa'n wichtige saak. Der is totaal net harke nei de suggestjes fan GBL. It is ek spitich dat doedestiids twa partijen net by de foarljochting oanwezich weze koenen. Neffens ynformaasje lit It Bilt is de planning fan de Alvestedefarrute mei in heal jier utsteld en hjir koe it net iens in pear wike utstel lije. As men de saken goed oplost dan kin soks gans kosten skele. Hy wiist op bepaalde foarbylden fan in ferkearde oanpak yn It Bilt der't in protte neidielen achter weikommen binne. It is spitich dat men dy fjouwer ekstra wiken net brake kin om minsken oer de streek te heljen en dat men gjin mear begryp toand hat. GBL sil dan ek tsjinstimme. De hear Kielstra (WD): Hij wil een paar nieuwe dingen aan zijn bijdrage toevoegen. In de vorige raadsvergadering moest men onder tijdsdruk een aantal besluiten nemen en dat geeft geen goed gevoel. Sommige gesprekken zijn pas op 4 maart gestart en men heefit vaak heel lang moeten wachten op antwoorden. De betrokkenen kregen het gevoel dat men zelf met initiatieven moest komen. Onder tijdsdruk moest men besluiten. Het handelen van de wethouder komt de gemeente niet ten goede. Er is geen collectieve onderhandeling geweest zoals LTO had voorgesteld. Het gaat nu meer om de manier waarop de wethouder wil communiceren. Daar is de WD niet erg gelukkig mee. De wethouder schiet niet voor de eerste keer tekort. Hij wil de antwoorden eerst van de wethouder afwachten voor het geven van een verdere reactie. De hear De Kroon (PvdA): It giet om de unteigening en de reboelje deromhinne. De PvdA fun de foarige kear de unteigening in hiel logysk ynstrumint. Hy is lykwols bliid dat GBL de poat stiif halden hat en dat it no wer op de aginda stiet. Men is by de PvdA skrokken fan de minne sfear by de underhannelings mei de boeren. Men heart neame safolle minne luden by grunferwerving as yn Ljouwerteradiel en It Bilt. Dat moat dus wol lizze oan de wize werop't

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2011 | | pagina 12