De foarsitter: Hij brengt het voorstel van de heer Ketellapper in stemming. Met 9 stemmen voor en 6 stemmen tegen wordt het voorstel aangenomen. De hear De Kroon (PvdA): Op 22 desimber 2011 hat de PvdA in moasje oer itselde underwerp yntsjinne. Dy moasje is doe opkeard. Achterof hat bliken dien dat op grun fan it reglemint fan oarder dy moasje behannele wurde moatten hie. As de PvdA de gong fan saken fan dizze jun witten hie dan hie men dy moasje no wer foarlein. Hy ffeget oft de moasje no wer oan de oarder steld wurde kin. De foarsitter: Schorst de vergadering om de griffier de gelegenheid te geven de schriftelijke motie op te zoeken en uit te kunnen delen. De foarsitter: Heropent de vergadering en geeft het woord aan de heer De Kroon. De hear De Kroon (PvdA): De moasje hat as doel om it kolleezje de opdracht te jaan om in ekstem buro in analyze meitsje te litten fan de foar- en neidielen fan in fuzje mei Ljouwert en in earste oerlis mei Ljouwert te fieren en it resultaat derfan yn de earstkommende riedsgearkomste foar te lizzen. Op 7 oktober 2010 hat men as ried foar it lest praat oer de takomst fan Ljouwerteradiel. De PvdA hat faak genoch besocht om it punt wer op de aginda fan de ried te krijen, mar dat waard hieltyd troch de mearderheid wegere. Hy wol seis punten neame dy't by de diskusje fan belang binne. Der wie in moeras fan unwil fan de dielnimmers. Ljouwerteradiel ferbruts mei it Bilt de Middelsee-oerienkomst, want dy woenen in fuzje. It kolleezje en de koalysje wegeren om it ferbrekken fan de oerienkomst op de aginda fan de ried te setten. Ferwerderadiel stapte derut. De ried waard wer fia in parseberjocht derfan op 'e hichte steld. Doe kaam it fenomeen fan de gearwurking fan de trije gemeenten. Der hat de ried nea in beslut oer nommen. Demei kaam de reaksje fan de provinsje om Ljouwerteradiel by Ljouwert te foegjen. Ljouwerteradiel, Menameradiel en it Bilt iepenen it oerlis mei Fijentsjer en omkriten. Alles waard wer fia in parsebeijocht nei buten brocht; it kaam wer net op de aginda fan de ried. De moasje fan de PvdA op 22 desimber 2011 is doe unrjochtmjittich fan de aginda helle. De ried krige al dy tiid gjin mei arguminten underboude foarstellen. Yn de ried komt sa de demokrasy net goed ta syn ijocht. It nije riedsfoarstel is in flutfoarstel. It giet foar in grut part oer de undersyksopdracht oan it buro WagenaarHoes. Mar dy undersyksopdracht wie der al. It einrapport fan WagenaarHoes is folle wichtiger mar dat lei allinne op besjen foar riedsleden. Ut dat rapport docht bliken dat gjinien fan de gemeenten wat yn gearwurking yn Noardwest Fryslan sjocht. De hear Tuininga (FNP): Hy wol derop wize dat men no net oer dat rapport prate moat. De hear De Kroon (PvdA): De PvdA wol underbouwe werom't men mei Ljouwert yn see wol en derom wol er ek it rapport fan WagenaarHoes derby beluke. In fuzje fan Ljouwerteradiel, it Bilt en Menameradiel en gearwurking mei Frjentsjerteradiel is net helber. De foarsitter: Hij wijst erop dat op het moment van indienen van de motie in december 2011 de uitkomsten van het rapport WagenaarHoes niet bekend waren. De heer De Kroon mag de motie kort toelichten. Omdat er veel mensen voor dit punt zijn gekomen stelt hij voor om in afwijking van het reglement van orde dit punt aan het begin van de vergadering te behandelen, als agendapunt 2A De raad gaat daarmee akkoord.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2012 | | pagina 37