LEEUWARDERADEEL GEMEENTE 5A Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 15 maart 2012 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 14. Bestjoerlike takomst Ljouwerteradiel De foarsitter: Het college heeft de raad een besluit voorgelegd waarop de raad kan reageren. De hear Keuning (CDA): De CDA-fraksje hat twa kear mei har leden praat. It bestjoer fun dat der in nije situaasje untstien wie troch it ofheakjen fan Ferwerderadiel. Ut dy petearen die bliken dat der by de leden in foarkar wie foar it undersykjen fan gearwurking mei Ljouwert, eventueel mei in buorgemeente derby om it plattelanskarakter te ferstevigjen. De fraksje hat oanjun dat ek wol te wollen. Mar de fraksje hat ek in eigen ferantwurdlikheid. Ljouwerteradiel is in plattelansgemeente en dat karakter moat behalden bliuwe. De boargers moatte ek wat te kiezen hawwe en de utkomsten fan de undersiken moatte de boargers under eagen brocht wurde. Yn in amendemint van GBL, FNP en CDA wurdt oanjun hoe't men soks foarmjaan wol. Hooplik bringt it ek in stikje rest op it med fan de bestjoerlike takomst fan Ljouwerteradiel. De hear De Kroon (PvdA): It foarstel fan it kolleezje is 'om het lopende proces met de M3- gemeenten af te ronden'. Der is op himsels neat op tsjin, alhoewol't der neffens him gjin rinnend proses mear is. Der wie in petear begun mei de 6 gemeenten yn Noardwest Fryslan. It Bilt leit, op grun fan har nije riedsfoarstel, de ofspraak fan Swarte Hoanne oars ut. Yn it riedsfoarstel fan it Bilt stiet eins dat ek foar Ljouwerteradiel in takomst yn Noardwest it meast kansryk is. De 6 kolleezjes riede neffens datselde foarstel in bestjoersopdracht ta om te kommen foar de 6 gemeenten ta ien gemeente Noardwest Fryslan. Werom dan no it rinnende proses mei de trije Middelseegemeenten ofrunje? Hoe kin it dat de opstellingen yn dizze saak fan de 6 gemeenten net gelyk binne? It Bilt freget ek om in draachflakundersyk. It draachflakundersyk yn Ljouwerteradiel is neffens him al klear. Der is gjin draachflak foar Noardwest Fryslan (sjoch u.o. enkete OVL en PB Stiens). Mei hokker arguminten wol it kolleezje de ried en de bewenners fan Ljouwerteradiel oertsjugje fan de foardielen fan it ferban Noardwest Fryslan? Der binne wol arguminten neffens de PvdA foar oansluting by Ljouwert. Ljouwerteradiel hat tige hege wenlesten. Der binne mar 11 gemeenten djoerder yn Nederlan. Ljouwert sit lykwols by sawat de earste hundert goedkeapste gemeenten. It skeelt sa'n 180 euro oan wenlesten mei wat de bewenners fan Ljouwerteradiel no kwyt binne. Frjentsjerteradiel, Menameradiel en it Bilt binne ek djoerder. De finansjele bydrage oan Doarpsbelangen is yn Ljouwert ek folle heger. Der krije de doarpen 9000 euro, tsjinoer 2000 euro yn Ljouwerteradiel. De doarpshuzen krije yn Ljouwert trije kear safolle stipe as yn Ljouwerteradiel. De doarpen fan de gemeente Ljouwert binne tige tefreden oer dy gemeente. De gemeente Ljouwert hat in finansjele stresstest dien en derut docht bliken dat Ljouwert der finansjeel goed foarstiet. Men kin mei Ljouwert ofspraken meitsje oer de sportfoarsjennings 10

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2012 | | pagina 108