mei Noardwest. Wat wurdt de boarger der better fan? Sa'n antwurd hat men noch hieltyd net krigen. Noardwest is der wis fan dat Ljouwerteradiel net kiest foar Noardwest foardat der in keuze makke wurdt ut mear opsjes (prate mei Ljouwert, al of net mei It Bilt). It argumint foar dy iene rute ferfalt dus. De sekretarissen meitsje in bestjoersopdracht foar it undersyk nei dy iene gemeente Noardwest. Dat wurdt yn april fierder bepraat. Docht Ljouwerteradiel der dan net oan mei? De FNP sjongt in aid rideltsje. Dat ferhaal oer 2018 doocht net. Deputearre Steaten wol Ljouwerteradiel yn harren fyzje by Ljouwert hawwe. De hear Tuininga (FNP): Hy hat it jiertal 2018 yn in petear mei Deputearre Steaten heard. De hear De Kroon (PvdA): It is net sa dat Deputearre Steaten sein hawwe dat men oant 2018 om jin hinne sjen kin. It jiertal 2018 is fallen yn ferban mei it opnimmen fan Boamsterhim yn de gemeente Ljouwert. Mar foar in eardere datum is neffens de PvdA wol in oplossing te finen. De hear Kielstra (WD): Het is baarlijke nonsens dat men tot 2018 de tijd heeft. De hear Ekas (GBL): Maar wat als de burgers zeggen dat men niet in meerderheid met Leeuwarden wil? De hear De Kroon (PvdA): It gong him om it sitaat fan de FNP oer it jiertal 2018. Men wit de fyzje fan Deputearre Steaten en as in fuzjeplan net foldocht oan dy fyzje sil men in negatyf advys krije en dan sil Den Haach der ek net mei ynstimme. De hear Ekas (GBL): Dus het laatste woord van Gedeputeerde Staten is bepalend? Is dat dan democratisch? De hear De Kroon (PvdA): De koalysje kin gjin inkeld draachflak oandrage foar de gearwurking yn Noardwestferban. De hear Tuininga (FNP): Men moat earst de saken undersykje en mei de utkomsten derfan moat men sjen oft men draachflak krije kin. De hear Ketellapper(GBL): Hy is tige bliid mei it foarstel fan de kolleezjepartijen. De boarger soe der mooglik 180 euro op foarutgean as men by Ljouwert sitte soe. As men derfoar nei Ljouwert giet, wurdt men mar in hiel lyts diel fan it gehiel en in plattelansgemeente Noardwest biedt derom folle mear perspektyf. Hy tinkt dat der genoch minsken binne dy't fertrouwen hawwe yn de koers fan it gemeentebestjoer. Yn de farianten sille de foar- en neidielen bekend weze. De hear De Kroon (PvdA): De FNP en GBL kreakje de stipe fan OVL foar Ljouwert of. Alle leden binne fan de opstelling fan OVL op 'e hichte steld. Der binne twa reaksjes op kommen; ien reaksje wie negatyf en de rest wie it der dus mei iens. OVL pleitet dus foar oansluting by Ljouwert. Yn 2010 woe de koalysje gjin draachflakundersyk dwaan. As der in echte opsje Middelsee lein hie dan hie de diskusje oer de kar Middelsee/Ljouwert oars west. Dy opsje is no fan de baan en derom hat de PvdA frege om it perspektyf fan Noardwest Fryslan. It amendemint fan de koalysje. Der stiet 'de verkennende gesprekken per 5 juli te hebben afgerond'. Ut de reaksje fan de boargemaster docht no bliken dat men dan ferslach utbringt oer dy petearen op 5 july. Der komt dus allinne in rapportaazje oer de fuortgong. Demei komt

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2012 | | pagina 113