LEEUWARDERADEEL 5 GEMEENTE Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 24 maaie 2012 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 9 Maitiidsnotysje 2012 De hear L. Tilma (CDA): De saken binne al bard. Struktureel is der in tekoart fan 120.000 euro en derom sil men ekstra besunigje moatte yn 2013. It CD A wol graach in yndikaasje fan de trends, sadat men mei bepaalde untwikkelings rekken halde kin. Men giet fierder akkoart mei de wizigings. De hear De Kroon (PvdA): It is technysk in tige goede notysje. De untwikkelings binne net goed. Men hat in begrutting fan 17 miljoen en hie in potsje net-fersjoen fan 40.000 euro. Dy pot is no hast al leech. Moat men tuskentiids net besunigje om oan de ein fan it jier in slutende rekken te hawwen? Op side 32 en 33 stiet de monitor fan de besunigings. Men hat in besuniging ynboekt fan 24.000 euro foar It Gryn (skoalswimmen). Yn it earste jier sil der in dik bedrach as kompensaasje foar betelle wurde moatte; dit kin wol 20.000 euro wurde. By de sportfjilden moat 15.000 euro besunige wurde. Dat wurdt net realisearre. Soks jildt ek foar monuminten. Dy 9.000 euro moat dus ek as tsjinfaller yn de foarjiersnota opnommen wurde. Dat jildt ek foar de WMO-adviseur/Omtinkerij. Dat is in tsjinfaller fan 11.000 euro. It underhald gebouwen: men soe der yn Middelseeferban 15.000 euro op besunigje, mar dat wurdt him net. It giet by de leezjes krekt gelyk. Sa krijt men yn totaal noch sa'n 85.000 euro foar de kiezzen. Moat men dus net ekstra besunigje? Dan giet er yn op de kleuren. Op side 6 giet it oer de feilige wenomjouwing. Der stiet yn de foarjiersnota 'meer vemielingen en forse stijging inbraak in woningen' wylst yn de begrutting stiet 'onveiligheidsgevoel neemt af, minder meldingen burenoverlast en meer deelnemers Burgemet'. Der binne dus u.o. mear femielingen en dan is de kleur oranje der better op syn plak as grien. Datselde jildt foar it huslik geweld. Op side 7 is ek it sinjaal oranje foar 'jeugd en overlast' passender. It tal ferkearsungemakken nimt ek net of (side 8). Op side 13 wurdt by underwiis rapportearre dat de kwaliteit bewekke wurdt en der wurdt net praat oer oanbesteging en feroaring fan de feroardering. Ek der is oranje better op syn plak. Op 10 novimber hat it CDA sein graach in oplossing te wollen om de tsjinfallers foar te wezen. De koalysje hie deroer goede ofspraken makke en it soe yn alle gefallen net ut de algemiene reserve komme. Wat wienen dan dy ofspraken? De hear Dijkstra (FNP): De siden 30 en 31 binne foar de FNP it wichtichst. De legere utkearing fan de BNG soarget benammen foar it tekoart. By de kademota praat men wer fierder oer de finansjele stan fan saken. De hear Ekas (GBL): Het is een goed leesbaar stuk. Er zit gelukkig veel groen in de stukken, maar hij moet de heer De Kroon gelijk geven dat een aantal kleuren discutabel is. Het is bijvoorbeeld een gegeven dat het huiselijk geweld toegenomen is. Men zou er zorgvuldiger

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2012 | | pagina 20