LEEUWARDERADEEL 5 GEMEENTE Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 26 april 2012 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. Oanwezich: de froulju C.G. Bijsterbosch (PvdA), U.C. de Yoogd (PvdA) en de hearen J.E. Keuning (CDA), H. de Jager (CDA), L. Tilma (CDA), K. Kielstra (WD), D. van Diggelen (WD), H. de Kroon (PvdA), P. van der Werff (PvdA), J.W. Tuininga (FNP), H. Hansma (FNP), F. Dijkstra (FNP), W.F. Ekas (GBL) en R.A. Ketellapper (GBL). Ut it kolleezje fan B W: de hear J.R.A. Boertjens (boargemaster), mefrou A. Wachter-van Veen (wethalder) en de hearen M. de Haan (wethalder) en J.S. Keizer (wethalder). Griffier: mefrou G. J. Olthof. Mei kundskip ofwezich: de hear L.G.G.P. Hermans (GBL). 1. Iepening en meidielings foarsitter De voorzitter opent de vergadering en heet iedereen welkom. De heer Kielstra (WD) zal iets later komen. Hij feliciteert, mede uit naam van de raad, de heer Van Diggelen met de geboorte van de derde dochter. Deze krijgt een kleine attentie. 2. Feststellen wurklist De foarsitter: Hij stelt in verband met de inspreker bij agendapunt 12 voor om dit agendapunt voor agendapunt 9 te behandelen. De raad stemt hiermee in. De hear H. Hansma (FNP): De koalysjepartijen wolle by agindapunt 12 ek in amendemint yntsjinje. 3. Ynsprekrjocht boargers De hear Sinnema: Hy sprekt ut namme fan doarpshus De Bining yn op agindapunt 12. Hy hat de foarige jun by alle fraksjes lans west. De saken binne dus wol by elkenien bekend. De Bining hie wat muoite mei it feststelde bedrach fan 12.000 euro. Men hie dochs rjocht op wat der op de balans stie (28.000 euro)? Op himsels wol De Bining wol meiwurkje oan de plannen fan de gemeente, mar dan hie men der wol fan tefoaren mei de wethalder oer prate wollen. Hy noeget de wethalder ut foar it bywenjen fan in fergadering fan it doarpshus. Dy nimt dy utnoeging oan. Der sit in iensidige konkluzje yn it stik fan de gemeente. Eins is men te goed foar de gemeente troch te min gebruk te meitsjen fan de bedoelde pot. Hy is in foarstanner fan in evaluaasje nei trijejier. Der is 16.000 euro fan de 28.000 euro oflutsen, omdat men dy al yn 2009 krigen hie. Hy hat al earder oanjun dat dy 12.000 euro foel under 5.8 (renovaasje). De hiele pot moat dus noch beskikber weze foar it underhald. Yn 2009 hat men ek in langetermynplanning oerlange. Yn it

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2012 | | pagina 4