De hear Ekas (GBL): Dus het laatste woord van Gedeputeerde Staten is bepalend? Is dat dan democratisch? De hear De Kroon (PvdA): De koalysje kin gjin inkeld draachflak oandrage foar de gearwurking yn Noardwestferban. De hear Tuininga (FNP): Men moat earst de saken undersykje en mei de utkomsten derfan moat men sjen oft men draachflak krije kin. De hear Ketellapper(GBL): Hy is tige bliid mei it foarstel fan de kolleezjepartijen. De boarger soe der mooglik 180 euro op foarutgean as men by Ljouwert sitte soe. As men derfoar nei Ljouwert giet, wurdt men mar in hiel lyts diel fan it gehiel en in plattelansgemeente Noardwest biedt derom folle mear perspektyf. Hy tinkt dat der genoch minsken binne dy't fertrouwen hawwe yn de koers fan it gemeentebestjoer. Yn de farianten sille de foar- en neidielen bekend weze. De hear De Kroon (PvdA): De FNP en GBL kreakje de stipe fan OVL foar Ljouwert of. Alle leden binne fan de opstelling fan OVL op 'e hichte steld. Der binne twa reaksjes op kommen; ien reaksje wie negatyf en de rest wie it der dus mei iens. OVL pleitet dus foar oansluting by Ljouwert. Yn 2010 woe de koalysje gjin draachflakundersyk dwaan. As der in echte opsje Middelsee lein hie dan hie de diskusje oer de kar Middelsee/Ljouwert oars west. Dy opsje is no fan de baan en derom hat de PvdA ffege om it perspektyf fan Noardwest Fryslan. It amendemint fan de koalysje. Der stiet 'de verkennende gesprekken per 5 juli te hebben afgerond'. Ut de reaksje fan de boargemaster docht no bliken dat men dan ferslach utbringt oer dy petearen op 5 july. Der komt dus allinne in rapportaazje oer de fuortgong. Demei komt der in undersyksopdracht oer de opsjes dy't yn de ried formulearre wurdt (dat kin de koalysje dan mei syn trijen ek wol wer dwaan). It komt dan yn maaie 2013 yn de ried. Fijentsjerteradiel hat yn Swarte Hoanne sein dat men derfan utgiet dat Ljouwerteradiel nei Ljouwert giet. Yn maart 2013 bestiet dus de opsje Noardwest Fryslan net mear foar Ljouwerteradiel. Dan bliuwt allinne de opsje foar Ljouwert oer. Dat kin men dan oan de boargers foarlizze. Ljouwert betanket dan foar dat boadskip omdat men mei it opnimmen fan Boamsterhim dwaande is en dat men yn 2018 weromkomme kin. Dermei docht men de boargers tekoart en derom is de PvdA op dat amendemint tsjin. Boargemaster Boertjens: Franekeradeel heeft niemand op voorhand uitgesloten. De hear De Kroon (PvdA): Der stiet yn it rapport fan WagenaarHoes letterlik dat Fijentsjerteradiel derfan utgiet dat Ljouwerteradiel nei Ljouwert giet. Boargemaster Boertjens: Dat was eerder in een tweegesprek van Wagenaar/Hoes met burgemeester en secretaris van Franekeradeel. In Zwarte Haan is gezegd dat geen enkele partij uitgesloten wordt. In de bestuursopdracht wordt onderzocht wie ermee doen van de zes en hoe het er dan uit zou moeten zien. Het is dus een tweetrapsraket. Als men aan die tweede stap toe is dan moet inderdaad dan onderzocht worden wat de burgers er beter van worden. Er moet immers draagvlak gecreeerd worden. De hear Kielstra (WD): Er wordt een beeld van een aantal opties gegeven. Hij begrijpt dan ook niet waarom het amendement dan op tafel ligt. Dan hoeft Leeuwarden toch niet in beeld

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2012 | | pagina 16