Wethalder De Haan: Je trekt als gemeenten met zijn achten op, o.a. vanwege de daadkracht. Er komt een uitgebreid stuk en dat komt naar de raad. De foarsitter: Als men een bepaald punt nader wil uitdiepen kan men het agenderen of het voor een andere activiteit voordragen. De hear De Kroon (PvdA): De PvdA wol de beide punten agindearje foar it presidium de oare wike. Om yn alle gefallen der oer prate te kinnen hoe't men mei sokke saken omgean moat. 8. Meidielings fan it kolleezje fan b&w oan 'e ried 1- Memo college met betrekking tot Lijst toezeggingen 08/09/11 Onderhoud Sportvelden (naar raadsleden verzonden op 23/02/12) 2- Memo college met betrekking tot Misverstand over begripsbepaling 'Kap' (naar raadsleden verzonden op 08/03/12) 3- Memo college met betrekking tot Groenbeheer financieel (naar raadsleden verzonden op 15/03/12) De hear De Kroon (PvdA): De leste hat men noch net goed besjen kinnen. De foarsitter: Men kan er altijd nog op terugkomen. Wethalder Keizer: Men is derop wiisd dat it proses regionale utfieringstsjinst mooglik mei yngong fan 1 jannewaris 2013 ynfierd wurdt. Yn april wurde der ynformaasjegearkomsten halden yn u.o. Ljouwert en Dokkum. De oanbelangjende portefuljehalders hawwe op wurkbesite west by it Noardwesttangint. It wurk kin Hotter utfierd wurde. Men sil folle minder lest hawwe fan salte gran as ynearsten tocht waard en dertroch hoecht men gans minder gran of te fieren. Men soe foar de boufak 2013 klear weze kinne, ynklusyf de oanlis fan rotondes en dat is in jier earder as pland. OPINIEARJEND UNDERDIEL HAMMERSTIKKEN UT OPINIEARJEND UNDERDIEL 9. Finansjele Oardering gemeente Ljouwerteradiel De hear Keuning (CDA): Yn de finansjele kommisje binne fragen steld. It CDA wol dochs noch in tal arguminten oanfiere om ta in oare tuskentiidske rapportaazje te kommen. Sa n rapportaazje is bedoeld om de ried de mooglikheid te jaan noch bystjoere te kinnen. De rapportaazje nei 9 moannen wurdt meastentiids pas yn desimber behannele. De foaijiersnota en de kademota kinne foar it CDA yn deselde gearkomste behannele wurde. It CDA advisearret om de totale planning- en controlcyclus under de loep te nimmen. Yn oare gemeenten is de jierrekken faak earder beskikber en mooglik is der yn Ljouwerteradiel ek romte foar te finen. De behanneling yn de ried is net alhiel yn oerienstimming mei de omfang fan de dokuminten en derom soenen dy wol wat minder omfangryk weze kinne, werby't de ried dan stjoere kin op de ofwikings. De hear De Kroon (PvdA): De PvdA kin har foar in part derby oanslute. De rapportaazjes oer trije en njoggen moannen kinne wol ferfalle en dan utgean fan in healjiersrapportaazje dy t tagelyk mei de begratting behannele wurde kin. De jierrekken kin men brake by de diskusje oer de kademota. Dan komt men ek temjitte oan de amtlike ynset. It is Herder in goed stik. De hear Kielstra (WD): Hij kan zich bij de opmerkingen over de systematiek aansluiten.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2012 | | pagina 8