LEEUWARDERADEEL GEMEENTE Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 26 april 2012 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 9. Ferklearring fan gjin betinkingen omjouwingsfergunning Truerderdyk 24 en 24A, Stiens De hear L. Tilma (CDA): It CDA is bliid mei it plan foar leechkommende gebouwen, benammen foar frijkommende pleatsen. De gearwurking fan de undemimmer mei Doniastate liket him in goede saak. Elk plan dat de opfolling fan gebouwen yn it butengebiet mooglik makket kin op stipe fan it CDA rekkenje. De hear P.van der Werff (PvdA): De PvdA wit net oft men mei elk plan ynstimme soe. De PvdA kin him lykwols fine yn de ferklearring fan gjin betinkings, mar wol dochs wat beheinings oanbringe oangeande de 'ondersteunende detailhandel'. 'Allerlei zaken gerelateerd aan boerderijdieren, plantjes voor de volkstuin' soenen in soart fan Welkoop-winkel mooglik meitsje. Dat liket de PvdA net goed ta. De beheining moat dus goed oanjun wurde. De hear Tuininga (FNP): Ek de FNP is bliid mei it plakjaan oan frijkommende pleatsen. Men hat respekt foar de undernimmer en de wize fan oanpak yn de gearwurking mei Doniastate. De hear Van Diggelen (WD): De WD vindt het ook een prima plan. Hij wil wel aandacht vragen voor de verkeersveiligheid. De hear Ekas (GBL): Het is mooi dat mensen in deze tijd hun nek willen uitsteken. Hij vindt dat in het stuk een en ander, zoals de PvdA ook al aangaf, wel ruim gei'nterpreteerd wordt en hij zou daar toch nog eens goed naar willen kijken. Wethalder Keizer: Oer it algemien wurdt it plan posityf untfongen yn de ried. Oer trije wike komt it werom en men sil tuskentiids goed sjen nei de beheinings oangeande de detailhannel. Hy soe it advys fan OVL der ek by beluke wolle. Oangeande de ferkearsfeilichheid wiist hy derop dat men doedestiids it fytspaad nei Doniastate ferlingd hat sadat men der fytsende feilich komme kin. De foarsitter: het agendapunt gaat voor besluitvorming naar de eerstvolgende raadsvergadering (24 mei).

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2012 | | pagina 40