Jw' LEEUWARDERADEEL 5 Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 26 april 2012 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 12. Subsydzje-oanfragen doarpshuzen De Bining en Us Gebou 2012 Wethalder Wachter: Het is inderdaad correct dat het geld in 2009 niet uit de pot onderhoud/renovatie is gehaald. Tijdens de gesprekken zijn er andere inzichten ontstaan. Dit naar aanleiding van de vragen van de dorpshuizen. De hear H. Hansma (FNP): De FNP is bliid mei de inisjativen ut de doarpen. Doarpshuzen binne it klopjend hert fan it doarp en dy moatte der netsjes utsjen en oan de easken foldwaan. It die bliken dat it beskikber stelde jild net genoch wie. Men hat doe as koalysje demei sjoen om dit dochs foarinoar te krijen. De 16.225 euro foar De Bining kaam neffens it akkoart fan de ried op 19 novimber 2009 ut de WMO en ut de pot 'net te foarsjen' en dat jild moat dus noch beskikber weze. Us Gebou tinkt oan 40.000 euro genoch te hawwen en mei selswurksumheid en oare finansieringsboamen moat ien en oar run te krijen weze. It bedrach kin neffens de koalysje foar in part komme kinne ut de post 'komuitleg', der't it ek foar bestimd is nammentlik foar de 'bovenwijkse voorzieningen'Derta hawwe de koalysjepartijen in amendemint opsteld. Hy lest it amendemint foar. De ried fan Ljouwerteradiel byelkoar yn har gearkomste fan tongersdei 26 april 2012, heard hawwende: op it sprekoere fan de politike partijen fan tiisdei 24 april lestlyn, dat it bestjoer fan "De Bining" ut Koarnjum fan miening is dat de eardere takenning fan 16.225,= as renovaasje beskikber steld is en der derom noch 28.987,25 beskikber weze moat, dat it bestjoer fan "Us Gebou" yn Aide Leie witte litten hat mei in bydrage fan 40.000,= oangeande renovaasje genoch mooglikheden sjocht om it totale bedrach fan 155.000,= troch oare finansieringsboamen en selswurk- sumens byelkoar te krijen, konstatearjend: neffens it unanime akkoard fan de ried op 19 novimber 2009 oer de neijiersbystelling dizze 16.225,= beskikber steld is ut WMO en ut "net te foarsjen", dit bedrach fan 16.225,= dus net oflutsen wurde kin fan it yn oerien- stimming mei it BOCH-oerlis fan doarpshuzen feststelde beskikbere bedrach oer it tiidrek 2009-2013 fan 28.987,25, it bedrach fan 13.304,75 ut it kolleezje-utstel net tarikkend is foar "Us Gebou" te Aide Leie, dat der sadwaande in bedrach fan 26.695,25 untbrekt, dat by de bestimmingsreserves under it haadstik "komuitleg" dizze post foldwaande grut is om it restant op dizze post drukke te litten, boppeneamde post foar "bovenwijkse voorzieningen" yn it libben roppen is, dat in doarpshus in foarsjenning is foar it hiele doarp en syn omjouwing en foldocht oan it kritearium "bovenwijkse voorziening",

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2012 | | pagina 77