De hear De Kroon (PvdA): Stiet allinne de besuniging fan 2013 yn de brief en dy fan 2014, 2015 en 2016 net? De hear Renema: Der is in brief kommen fan it kolleezje der't yn stiet dat de feststelling fan de subsydzje foar 2013 eefkes op him wachtsje lit omdat in nij besunigingsfoarstel noch yn de ried behannele wurde moast. De gemeente hat befestige dat de subsydzje foar 2016 op nul utkomme soe. De hear De Kroon (PvdA): De muzykferienings soenen alle war dwaan soe om de subsydzjes te behalden. Hat de ried dat doedestiids (2010) tasein? De hear Renema: Neffens syn ynformaasje wol. 2 fakansje ferstjoerd is kinne wy net oars as tige ungelokkich neame. Strieminne kommunikaasje en in tige unsoarchfaldige wize fan hanneljen fan de gemeente. It raast nei de protters. Wy fiele us absolut net serieus nommen. Twad: jo witte it faaks net mear, mar yn 2010 hawwe jo us as muzykferienings tasein dat jo alle war dwaan soenen om de subsydzjes foar de amateuristische kunstbeoefening te behalden. Yn 2011 gie it al mis. Jo namen it beslut om op dizze post te besunigjen: 10% foar 2012,15% foar 2013, 20% foar 2014 en 25% foar 2015. Wy hienen der begrip foar, wittende dat elk besunigje moat en dus de gemeente en wy ek. Ai is it dan wol apart dat jo yn jo eigen programmabegrutting 2012 heech opjouwe oer kultuer: jo geane foar in goed kultureel klimaat, jo wolle keunst en kultuer befoarderje en it besteande nivo hanthavenjeNo, yn 2012, liket it hielendal mis te gean. It giet dubeldop, in besuniging oer in besuniging hinne, mei it foarutsjoch dat it yn 2016 gebeurd is mei it subsydzje. Wy hawwe sterk us twifels oft jo de konsekwinsjes derfan oersjogge. Wanttred: witte jo wol wat jo fuortsmite? Jo untnimme bern yn jo gemeente yn alle gefallen de mooglikheid om foar in reedlik taryf muzykles te krijen. De gemeente is net oansluten by in muzykskoalle, der is gjin AMV- oplieding (lykas yn bygelyks buorgemeente het Bildt). Wy binne as muzykferienings yn dat gat sprongen en soargje al jierren dat bern in goeie muzykoplieding krije, fan kwalifisearre dosinten. Foar in bedrach dat folle leger leit as in gemeentlike bydrage oan in muzykskoalle. Dy bern strome wer troch nei de korpsen. Dat is ek nedich, want it is dreech om in goed beset korps te halden. As dat no al dreech is, sil it dat sunder stipe fan de gemeente seker weze. Jo subsydzje is in substansjeel part (sa'n 30 oant 35%) fan us begrutting. Wy garandearje jo dan ek net dat wy as korpsen yn de takomst noch bestean kinne. Wy dogge no al alle war om de boel run te krijen. Us leden hawwe in soad foar harren feriening oer, mar it haldt in kear op. As de kontribusje(dy't no al nei de 20 yn de moanne giet) oer de kop moat. Of as foar de safolste kear in berop op harren dien wurdt foar wer in aksje om de eksploitaasje run te krijen. En dan wurdt it stil yn Ljouwerteradiel.... Want witte jo wol dat wy der mei us fjouweren foar soargje dat in soad minsken aktyf meidogge oan it mienskipslibben? As muzikant, as frijwilliger, as bestjoerder. En witte jo wol dat wy mei us fjouweren in soad minsken op de fuotten krije en wille besoargje mei us aktiviteiten? Tink oan al us konserten, us bydragen oan doarpsfeesten, keatspartijen, Sinteklaze-yntochten en noch folle mear. Wy soargje foar aksje, muzyk en bining yn de doarpen. En dermei passe wy perfekt yn jo Wmo-belied dat graach wol dat minsken meidogge oan de maatskippij. En dan hawwe wy it noch net iens han oer it feit dat jo best grutsk weze mei op de korpsen yn jo gemeente: Crescendo Hijum/Feinsum is al foar de twadde kear Nederlansk kampioen wurden yn harren ofdieling; Takostu Stiens stiet op it tredde plak fan de wraldranglist Marsparade en is yn Nederlan ien fan de meast frege showbands op alle belangrike taptoe's yn binnen- en butenlan; De Nije Bazun Britsum komt ut yn de tredde divyzje fan de nasjonale brassbandkompetysje; Studio Stiens komt ut yn de fjirde divyzje fan de fanfarekompetysje en docht hiel fertsjinstlik mei oan festivals en konkoursen yn de provinsje (winner fan it Gouden Spikerfestival 2009). Mei us alien leverje wy kwaliteit. Wy rekkenje der op dat wy jo mei dit brief genoch dudlik makke ha dat jo om ferskate redenen op 6 septimber net akkoard gean kinne mei it utstel sa't dat der leit foar de amateuristische kunstbeoefening. Wy hawwe der fertrouwen yn dat jo dat ek net dogge. Wy rekkenje der op dat jo dat betrouwen net beskamje.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2012 | | pagina 10