LEEUWARDERADEEL
GEMEENTE
5
Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op
tongersdei 27 septimber 2012 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens.
11. Stan fan saken aktualisearjen bestimmingsplannen/romtlike oardering
De hear P.van der Werff (PvdA): Men moat oer twa saken beslute: it foar kundskip nimmen
fan de fuortgongsrapportaazje fan de bestimmingsplannen en it foarstel om de kommisje
romtlike plannen ferfalle te litten.
Der sit yn it stik dochs in undertoan oft it allegearre wol goed komt. Earst soe men yn 2007
klear weze moatte en no wurdt 1 july 2013 neamd. Hat de gemeente yn ferliking mei oare
gemeenten mei in likense omfang in te krappe personielsbesetting? In soartgelikense sin is yn
de notysje oan it kolleezje trochhelle. Hoe sit dat no krekt?
De kommisje romtlik plannen hat in wat lijerich bestean. Dy kommisje soe neffens it
kolleezje ferfalle kinne omdat men troch de nije easken de terminen net mear helje kin. Dat
fynt er gjin goed argumint. Men soe de proseduere sadanich yn elkoar stekke kinne dat men
rekken haldt yn de planning mei sa'n kommisje. De PvdA is dus op foarhan net foar it
ferfallen fan dy kommisje.
De fuortgongsrapportaazje nimt de PvdA fierder foar kundskip oan.
De hear Dijkstra (FNP): De FNP is bliid mei de fuortgong fan de bestimmingsplannen. Hy
tocht dat de kommisje romtlike plannen al ferfallen wie. As it fierder gjin doel hat dan moat
men sa'n kommisje ferfalle litte.
Wethalder Keizer: Hy hat net alles neigien. Yn 2007 lei der wol in ferplichting foar de
aktualisearring fan de bestimmingsplannen, mar siet der gjin sanksje op. Der kamen foar de
gemeente ek oare romtlike saken lykas de Alvestedefarrute op it paad. Fierder koe men it
wurk goed oan. De nije wet Romtlike Oardering hat de terminen behoarlik bekoarte. Der
wurdt ek hast gjin gebruk fan de kommisje makke. By in foaruntwerpbestimmingsplan
komme de beswieren wol yn de ried. De kommisje slommet swiet.
Twadde termyn
De hear P.van der Werff (PvdA): In lytse gemeente hat ek wolris foardielen. Yn it ferline hat
it wol wurke en der soe in goede rezjy op set wurde moatte. Men moat de belutsenheid yn stan
De hear L. Tilma (CD A): It CD A wie derfan utgien dat de kommisje der al net mear wie. It
CDA is foar de belutsenheid, mar dan moat sa'n kommisje wol wurkje.
De hear Ekas (GBL): Alle ballast moet men overboord gooien. Toch moet men als raad niet te
veel zaken uit handen geven. Hij heeft ook jaren in de commissie gezeten en het heeft wel
resultaten gehad. GBL wil dus de commissie wel in stand houden.
De hear Kielstra (WD): De commissie is al een hele tijd niet bijeen geweest. Waarom moet
halde.
10