LEEUWARDERADEEL GEMEENTE Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 6 septimber 2012 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. Oanwezich: de frouliu U.C. de Voogd (PvdA) C.G. Bijsterbosch (PvdA) en de hearen L. Tilma (CDA), J.E. Keuning (CDA), H. de Jager (CDA), K. Kielstra (WD), D. van Diggelen (WD), H. de Kroon (PvdA), P. van der Werff (PvdA), F. Dijkstra (FNP), J.W. Tuininga (FNP), L.G.G.P. Hermans (GBL), W.F. Ekas (GBL) en R.A. Ketellapper (GBL). Ut it kolleezje fan B W: de hear J.R.A. Boertjens (boargemaster), mefrou A. Wachter-van Veen (wethalder) en de hearen M. de Haan (wethalder) en J.S. Keizer (wethalder). Griffier: mefrou G. J. Olthof. Mei kundskip ofwezich: de hear H. Hansma (FNP). 1. Iepening en meidielings foarsitter De voorzitter heet iedereen welkom en opent de vergadering. Het gebak wordt u aangeboden door de heer Ketellapper ter ere van het 34-jarig raadslidmaatschap van de heer Ketellapper. Hij feliciteert de heer Ketellapper van harte met dit feit. De heer Hansma (FNP) is afwezig. De heer Hermans (GBL) komt iets later. 2. Feststellen wurklist De foarsitter: In verband met de inspreker en de aanwezigen op de publieke tribune stelt hij voor agendapunt 15 voor agendapunt 9 te behandelen. De raad stemt hiermee in. 3. Ynsprekrjocht boargers De hear L. Renema sprekt ut namme fan de fjouwer muzykferienings fan Ljouwerteradiel yn op agindapunt 15. "Achte riedsleden, Wy as muzykferienings hienen der nocht oan om nei de fakansje wer ut ein te setten. Mei de repetysjes, de tariedings foar konserten en konkoursen, de bestjoersfergaderingen. Oant wy oan de ein fan de fakansje in brief fan de gemeente yn de postbus funen. In brief, ferstjoerd op 23 july der't yn te lezen stiet dat it kolleezje yn de Kaderbrief 2013 oan de ried utstelt om yn 2013 10.000 te besunigjen op de post amateuristische kunstbeoefening. En dat de ried deryn syn gearkomste fan 6 septimber oer beslute sil. Ut neier undersyk docht bliken dat it utstel noch fierder giet, nammentlik om dizze post yn 2016 op nul te setten. Dat hawwe wy troch de gemeente befestige krigen. Jo meie wol witte dat dit us raar oer it mad kommen is en dat us nocht om wer te begjinnen der aardich of is. Alderearst fine wy it net mear as normaal dat it kolleezje us oer ditsoarte fan utstellen op e tiid ynformearret. Wy hawwe fernommen dat jo yn jo gearkomste fan 5 july al oer dizze utstellen praat hawwe. Wy binne der net oer op 'e hichte brocht. Wy binne ek net benadere troch it kolleezje of troch jo om te hearren wat dizze utstellen foar konsekwinsjes foar us hawwe sille. Dat it hjir boppe neamde brief fan de gemeente yn de

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2012 | | pagina 9