LEEUWARDERADEEL 5 Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 18 oktober 2012 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 9. Programmabegrutting 2013 De hear Keuning (CDA): It CDA is bliid dat men de begrutting 2013 posityf ofslute kin. Der binne lykwols noch hiel wat untwikkelings dy't negatyf utwurkje kinne. De ozb wurdt spitigemoch dochs noch wat ophege. It posityf saldo is lykwols te lyts om der wat oan te dwaan. It CDA is tefreden oer de teksten en de paragrafen, dy't oer it algemien SMART formulearre binne. Men hopet noch antwurd te krijen op in tal fragen dy't yn de finansjele kommisje steld binne. Ofhinklik fan de antwurden derop soe it CDA miskien noch op in tal saken weromkomme kinne. De hear De Kroon (PvdA): It is yn feite in sombere begrutting. Men moat snije yn de utjeften en dat docht sear. De PvdA sjocht lykwols ek gjin oare mooglikheden. De begrutting slut allinne omdat men 2 ton oan ienmalige utjeften buten de begrutting omrinne lit. Dy wurde rjochtstreeks ofboekt op u.o. de algemiene reserve. Men kin lykwols net oars. De doelen binne better omskreaun as yn it ferline. Op side 8 by it programma boarger en bestjoer freget de PvdA har of oft it beslut fan 5 july oer de kaders foar de takomst fan de gemeente der net yn opnommen wurde moat. Op side 10 by it programma oer yntegrale feilichheid stiet dat de ynwenners earst yn aksje komme moatte en pas by langer oanduorjen fan oerlest de plysje/gemeente ynskeakelje moatte. Dat is him wat te 'Teeven'-achtich. Soe men dat net nuansearje moatte? Oangeande it behear iepenbier grien merkt er op dat it behearplan fan 2012 is. Sunt dy 10 jier binne der wol nije ynsichten komme. Moat der gjin nij beliedsplan komme of soenen dy ynsichten der net fia in aktualisaasje yn ferwurke wurde moatte? Oangeande de ferkearsfeilichheid yn de wiken freget er hokker diken foar grut underhald oan bar binne yn 2013. Op side 14 stiet by iepenbier grien 'doorgaan met het omvormen tot het gewenste beeld bereikt is'. Der soe lykwols neffens in beslut fan de ried ek in undersyk komme nei privatisearring fan it grienunderhald. Moat dy aktiviteit der net by stean? Der wurdt ek as aktiviteit it undersyk nei de oerdracht fan boartersplakken oan de buert neamd. Mar de ried hat by de kademota foar in oar belied keazen. Op side 18 komt it learlingeferfier oan bod. Der stiet dat de oanfragen soarchfaldich ofhannele wurde sille. Soe men net ris opnij nei it belied sjen moatte? Hy hellet yn it ljocht fan dy opmerking in casus oan. In ekstem buro en GGD waarden deryn behelle. De GGD soe dat allinne ek wol dwaan kinne en sa soe men kosten besparje kinne. Op side 22 wurdt by it programma sport en kultuer it projektplan 'Varen naar Dekema' foar utwurking oanhelle. Op waans fersyk bart dat? Miskien is der wol mear ferlet fan in oar projekt, lykas in kuierrute by de spoarbaan del. Op side 25 stiet neffens him in 'pareltsje': 'In de komende 4 jaar zullen de prestatievelden,

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2012 | | pagina 27