Bgemeente LEEUWARDERADEEL 5 Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 18 oktober 2012 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 10. Nota Reserves en Foarsjennings De hear Ekas (GBL): GBL kan het besluit onderschrijven. Men kan eigenlijk geen geld meer halen uit de algemene reserve. Het bufferdeel is maar een derde van wat het zou moeten zijn. Men zal emaar moeten streven om dit weer in de juiste verhouding te brengen. De hear Dijkstra (FNP): De FNP giet akkoart mei de nota. Der is gjin romte mear om mear jild ut te jaan. De hear De Kroon (PvdA): De PvdA merkt op dat it wurd 'pijl' yn de ynlieding net kloppet. Op side 17 kin men leze dat men yn 2012 men twa kear safolle jild ut de reserves hellet as dat men deryn stekt en dat bart yn 2013 wer. Dat kin eins net. Men moat dat lykluke. Op side 21 giet it oer de foarsjenning fan de riolearing dy't sa'n ton per jier groeit. Hat men dat wol nedich? Kin de ferheging, 7% jiers, net wat minder heech weze? De hear Keuning (CDA): Tige tank foar de notysje. Oer side 17 kin it CDA deselde opmerkingen meitsje as de hear De Kroon makke hat. Wannear kin men de yntegrale fisy oer it underhald gebouwen ferwachtsje? Hoefolle is de foarsjenning oangeande bougruneksploitaasje (side 19) te heech? Boargemaster Boertjens: Hij is het ermee eens dat men de algemene reserve niet sterker moet belasten. Men kan echter ook moeilijk gaan sparen in deze slechte economische tijd. Wethalder Keizer: Oer de foarsjenning underhald gebouwen merkt er op dat de posten per jier noch wol wat fluktuearje kinne. Hy kin noch net sizze wannear't de yntegrale fisy komt. Sagau't er der mear oer wit komt de ried dat te witten. De foarsjenning fan de riolearring nimt ta oerienkomstich it feststelde belied fan de ried. In ferleging sit der dus neffens him net yn. Boargemaster Boertjens: Hij heeft niet paraat hoe het precies zit met de voorziening met betrekking tot de bouwgrondexploitatie. In november krijgt men daar meer informatie over. Twadde termyn De hear De Kroon (PvdA): Der komt in nij plan oer it underhald fan de gebouwen. Men moat de negative trend by dizze foarsjenning sa gau mooglik trochbrekke. Men moat it belied fan de riolearring fansels utfiere. Mar moat de foarsjenning dan sa groeie? Of is men oan it sparjen foar grutte utjeften yn de takomst? Dan hie dat der by stean moatten. De hear Keuning (CDA): Hy is it iens mei de opmerking fan de hear De Kroon oer de gebouwen.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2012 | | pagina 36