JLy LEEUWARDERADEEL 5 Clf GEMEENTE Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 27 septimber 2012 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. Oanwezich: mefrou U.C. de Voogd (PvdA) en de hearen L. Tilma (CDA), J.E. Keuning(CDA), H. de Jager (CDA), K. Kielstra (WD), D. van Diggelen (WD), H. de Kroon (PvdA), P. van der Werff (PvdA), F.D. Dijkstra (FNP), J.W. Tuininga (FNP), H. Hansma (FNP), W.F. Ekas (GBL) en R.A. Ketellapper (GBL). Ut it kolleezje fan B W: de hear J.R.A. Boertjens (boargemaster), mefrou A. Wachter-van Veen (wethalder) en de hearen M. de Haan (wethalder) en J.S. Keizer (wethalder). Griffier: mefrou G. J. Olthof. Mei kundskip ofwezich: mefrou C.G. Bijsterbosch (PvdA) en de hear L.G.G.PHermans (GBL). I. Iepening en meidielings foarsitter De voorzitter opent de vergadering en heet iedereen welkom. 2. Feststellen wurklist De hear De Kroon (PvdA): De ried hat 21 septimber 2102 in notysje oer de bestjoerlike takomst fan de gemeente krigen. It kolleezje wol yn oktober 2012 mei in enkete starte. Dat past wol by it riedsbeslut fan 5 july 2012, mar de ried soe der earst ek oer gean. It kolleezje soe yn petear gean mei de ried oer de foarm fan it rieplachtsjen fan de bewenners en de fragen dy't foarlein wurde. Men kin dit probleem oplosse troch de notysje mei de bylagen op de aginda fan dizze jun te setten. Men hat op 5 july 2012 ek festlein dat it undersyk nei de fuzje fan Ljouwert mei Ljouwerteradiel plakfine sil nei beslutfoarming yn de ried. It foarstel is der lykwols no noch net. Troch de fertraging sil it lestich weze om yn jannewaris oan de boargers de kar foar Ljouwert of Frjentsjer foar te lizzen. Dy kar moat dudlik underboud wurde. Boargemaster Boertjens: De reden om het niet in de agenda op te nemen is dat er niets ter besluitvorming voorlicht. De raad bepaalt echter zijn agenda. De hear De Kroon (PvdA): By de notysje sit in kompleet plan foar de enkete mei de foarm en fragen en neffens it beslut soe dat troch de ried bepraat wurde moatte. Dat is net genoch bard.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2012 | | pagina 4