lit. Dy wurde rjochtstreeks ofboekt op u.o. de algemiene reserve. Men kin lykwols net oars. De doelen binne better omskreaun as yn it ferline. Op side 8 by it programma boarger en bestjoer freget de PvdA har of oft it beslut fan 5 july oer de kaders foar de takomst fan de gemeente der net yn opnommen wurde moat. Op side 10 by it programma oer yntegrale feilichheid stiet dat de ynwenners earst yn aksje komme moatte en pas by langer oanduorjen fan oerlest de plysje/gemeente ynskeakelje moatte. Dat is him wat te 'Teeven'-achtich. Soe men dat net nuansearje moatte? Oangeande it behear iepenbier grien merkt er op dat it behearplan fan 2012 is. Sunt dy 10 jier binne der wol nije ynsichten komme. Moat der gjin nij beliedsplan komme of soenen dy ynsichten der net fia in aktualisaasje yn ferwurke wurde moatte? Oangeande de ferkearsfeilichheid yn de wiken freget er hokker diken foar grut underhald oan bar binne yn 2013. Op side 14 stiet by iepenbier grien 'doorgaan met het omvormen tot het gewenste beeld bereikt is'. Der soe lykwols neffens in beslut fan de ried ek in undersyk komme nei privatisearring fan it grienunderhald. Moat dy aktiviteit der net by stean? Der wurdt ek as aktiviteit it undersyk nei de oerdracht fan boartersplakken oan de buert neamd. Mar de ried hat by de kademota foar in oar belied keazen. Op side 18 komt it learlingeferfier oan bod. Der stiet dat de oanfragen soarchfaldich ofhannele wurde sille. Soe men net ris opnij nei it belied sjen moatte? Hy hellet yn it ljocht fan dy opmerking in casus oan. In ekstem buro en GGD waarden deryn behelle. De GGD soe dat allinne ek wol dwaan kinne en sa soe men kosten besparje kinne. Op side 22 wurdt by it programma sport en kultuer it projektplan 'Varen naar Dekema' foar utwurking oanhelle. Op waans fersyk bart dat? Miskien is der wol mear ferlet fan in oar projekt, lykas in kuierrute by de spoarbaan del. Op side 25 stiet neffens him in 'pareltsje': 'In de komende 4 jaar zullen de prestatievelden, waar de gemeente een eerste stap voor heeft gezet, verder worden verwerkt en de prestatievelden waar momenteel minder aandacht aan wordt besteed in beeld worden gebracht en mogelijk verder worden uitgewerkt'. Wat wurdt der no krekt mei bedoeld? Op side 27 giet it oer it biblioteekwurk. De wethalder hat foarich jier by de programmabegrutting tasein dat der troch in goedkeapere husfesting minder besunige hoegde te wurden. Der moat neffens de PvdA as aktiviteit dus noch stean dat de gemeente mei de biblioteek siket nei in goedkeapere husfesting. Der is in protte spul oer it oanbod fan takken. Moat men net wer werom nei de aide wize dat men 6 kear jiers de takken ophellet? Dan kin men ek better hanthavenje. Op side 31 giet it oer it mjitber resultaat om ferpaupering en ferloedering fan panen te foarkommen. Men giet earst yn oerlis mei de eigner/bewenner. De gemeente hat lykwols ek in eksesseregeling en dy soe men dan ek tapasse moatte as oerlis neat uthellet. Op side 41 giet it oer de lokale heffmgen en de kwytskeldingen. Komme lytse selsstannigen of ZZP'ers ek yn opmerking foar kwytskelding? De hear Ekas (GBL): Men moet de tering naar de nering zetten. Men krijgt steeds minder geld van het Rijk en men leefde en leeft als gemeente op een te grote voet. Men heeft afgelopen jaren de kaasschaafmethode gehanteerd. Het verbaast hem dat men al die jaren toch nog met sluitende begrotingen kon komen. Er is echter wel telkens een beroep gedaan op de algemene reserve en voorzieningen. Uiteindelijk zal het de burger raken. Diep in zijn hart moet hij constateren dat de fmanciele situatie er niet goed uitziet. Er zullen waarschijnlijk in de loop van het jaar weer ombuigingen moeten komen omdat de plus van 16.000 euro niet voldoende zal blijken te zijn. Men kan volgens GBL op geen enkele manier weer een beroep doen op de algemene reserve. Hij wijst er nog dat de septembercirculaire niet is meegenomen in het verhaal.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2012 | | pagina 7