foarm der't de ried mei de boargers yn petear gean soe en wat de fragen weze moasten. De
enkete lei lykwols al by de Stienser Omroeper foardat de ried der wat fan sizze koe.
By de publikaasje yn de Stienser Omroeper stie ek nog: 'het college en de raad hebben
nagedacht over de zogenaamde kemwaarden van deze gemeente'. Dat wie dus net sa. Men
soe it neffens it kolleezje yn twa fazen dwaan. Mei de utkomst fan de enkete soe men de
doarpspetearen yngean. Mar it kolleezje feroare fan miening en gie sunder de utslach fan de
enkete de doarpspetearen yn. De utslach fan de enkete noaske it kolleezje ommers net.
Sa gie it ek sa'n bytsje mei it referindum. It moast neffens de PvdA yn de diskusje gean oer
de kar tusken in referindum en in skriftlike rieplachting. De PvdA hat wiisd op de metoade
yn Moordrecht mar der is neat mei bard. It kolleezje die foarkommen dat de ried ta in
referindum besletten hie. De bewenners krigen by de doarpspetearen it gefoel dat it kolleezje
foar Noardwest Fryslan keas. Alhoewol't ien en oar slim genoch is, tsjinnet de PvdA gjin
moasje fan ofkarring yn. Want krekt troch dy aksjes fan it kolleezje binne de boargers
wekker makke en binne dy boargers yn aksje kommen. Dat is eins in komplimint wurdich.
Yn it earste rapport stiet dat de 5 kolleezjes foar Noardwest Fryslan binne. Op side 6 giet it
oer de typearring fan Noardwest: 'de stedelijke voorzieningen van het gebied zijn vooral in
Franeker en Harlingen te vinden en ook in een regionale kern als Sint Anna Parochie'. Mar
dy foarsjenningen lizze foar Stiens benammen yn Ljouwert. Op side 8 stiet: 'de provincie
heeft een visie ontvouwd op de toekomstige lokaal-bestuurlijke ontwikkeling'. Dy fisy fan
de provinsje is krekt dat Ljouwerteradiel by Ljouwert komme moatte soe, mar dat wurdt
fierder net neamd.
Op side 4 (wurkgelegenheid) stiet: 'de haven van Harlingen is hiervan een mooi voorbeeld,
waar de hele regio de schouders onder moet zetten'. De wurkgelegenheid foar
Ljouwerteradiel sit lykwols yn Ljouwert. Men kin better de skouders sette under de
fleanbasis of grutte bedriuwen yn Ljouwert. Dy ofwikende posysje fan Ljouwerteradiel mist
men dus yn it rapport. Sokke negative punten oangeande de kombinaasje
Ljouwerteradiel/Ljouwert binne fergetten. Gelokkich komme dy noch wol yn it rapport fan
WagenaarHoes foar.
De position paper is de fisy fan Ljouwert oangeande Ljouwerteradiel. It is op himsels
geskikt om de ferliking mei Noardwest Fryslan te meitsjen. De keamwearden binne betocht
troch it kolleezje. De PvdA soe ek graach wolle dat de resultaten fan de enkete en de
doarpspetearen meinommen wurde yn de foarljochting oan de boargers. Yn de ferliking sels
mist men dus in tal ofwikende posysjes fan Ljouwerteradiel lykas krekt neamd.
De oanfollings fan it kolleezje op it riedsbeslut binne kleurde opmerkings fan it kolleezje om
Noardwest wat op te fleurjen. Gelokkich hat WagenaarHoes dy oanfollings wegere. De
PvdA rekkent derop dat dy opmerkings net meigeane yn de foarljochting nei de boargers.
Yn it riedsbeslut wurdt ek praat oer in ynformaasjejun. De boargemaster soe min ofte mear
tasein hawwe om sa'n ynformaasjejun te belizzen. Dat is wat swak steld. Yn it ferslach fan
WagenaarHoes stiet 'de burgemeester zegt "Dat gaan we doen als u dat wilt". Hy fynt it flau
dat it kolleezje derfoar weidraait om sa'n ynformaasjejun te halden. It kolleezje koe wol
bang weze om mei de boargers te praten. Dy ynformaasjejun soe der neffens de PvdA wol
komme moatte.
It kolleezje sil neffens him de rapporten oerdrage oan de referindumkommisje en dy makket
der in krante fan. Doocht syn foarstelling fan saken? Der wurdt ek praat oer in budzjet. Der
moat deroer noch wol in foarstel nei de ried komme.
De hear Dijkstra (FNP): De ried hat bepaald dat der in undersyk komme moatte soe nei in
fuzje mei Noardwest of mei Ljouwert. By Noardwest is sprake fan in undersyk, mar by
Ljouwert is sprake fan in eigenmakke epistel. By de position paper fait op dat Ljouwert
ynspylje wol op de gefoelens fan de boarger. Hy sitearret in stik der't soks dudlik ut op te