meitsjen is. Dat is dus in iensidich ferhaal. De boarger hat der gjin ferlet fan. Is it foar in
plattelansgemeente as Ljouwerteradiel wol goed om under it stedsbestjoer fan Ljouwert te
fallen?
It is net neat om mei 5 gemeenten ta ien ferban te kommen. Op de siden 25 oant en mei 28
blykt dudlik dat de 5 gemeenten al in protte mei inoar ut 'e wei set hawwe.
WagenaarHoes jout oan dat men eins net in goede ferliking meitsje kin. By in fuzje mei
Ljouwert komt der op syn heechst ien riedslid ut Ljouwerteradiel yn de ried en by
Noardwest sa'n 5 riedsleden en der is de ynfloed fan de boarger dus gans grutter.
Yn Noardwest is de politike pluriformiteit ek grutter en dat komt de demokrasy ten goede. It
is op himsels net sa wichtich wer't it bestjoerssintrum sit, mar wer't de loketten binne. Hy
wiist derby op de situaasje yn Sudwest Fryslan. De foarsjennings binne yn Noardwest ek
better te regeljen as by Ljouwert.
Kommunikaasje nei de boarger ta. It is de bedoeling dat alle rapporten beskikber binne foar
de boarger. Mar per definysje binne de brukte sifers fan it COELO net represintatyf.
De hear De Kroon (PvdA): Ljouwert wie neffens dy sifers ruchwei 140 euro goedkeaper as
Ljouwerteradiel. En ek ut fierder undersyk fan de hear Dykstra die bliken dat Ljouwert
dochs noch 90 euro goedkeaper wie.
De hear Dijkstra (FNP): It COELO hantearret foar Ljouwert in priis fan 149.000 euro en
foar Ljouwerteradiel 181.000 euro. Men moat by in ferliking fan deselde huzepriis utgean.
De hear De Kroon (PvdA): De hear Dijkstra hat earder in taljochting by de sifers jun en
derut die bliken dat Ljouwert dochs noch foardieliger wie.
De hear Dijkstra (FNP): De sifers fan it COELO binne misliedend. Der komt noch in
krante/bylage by de Stienser Omroeper mei objektive gegevens en dat de
referindumkommisje derop tasjen sil en dan sille der fest goede sifers oer de wenlesten fan
2012 yn komme kinne. Op de doarpspetearen kamen benammen de tsjinstanners fan
Noardwest Fryslan of.
De gearkomste yn de Skalm wie yn syn eagen respektleas. It waard yn de seal wol dudlik
dat de PvdA neat fan demokrasy hawwe moat. Guon minsken woenen it wurd fiere om ek
de mooglikheden foar Noardwest Fryslan under eagen te bringen mar fielden har
yntimidearre.
De hear De Kroon (PvdA): Hy wit wol dat der minsken yn de foyer sitten hawwe dy't der
net mear yn koenen. Hy soe graach hawwe wolle dat de hear Dijkstra him de minsken
oanwiist dy't wat sizze woenen, mar dat net doarden. De sfear wie neffens him goed.
De hear Kielstra (WD): Waarom trommelt de FNP zijn eigen mensen niet op?
De hear Hermans (GBL): Hij vindt dat de heer Dijkstra het recht heeft om zijn gevoelens
kenbaar te maken. Die ruimte zouden de heer De Kroon en de heer Kielstra aan de heer
Dijkstra moeten toekennen.
De hear Dijkstra (FNP): Ljouwerteradiel docht al in protte foar de boarger en wurket tige
demokratysk en der hoecht net noch mear oan dien te wurden. De FNP haldt foar har eigen
leden yn jannewaris in gearkomste.
De foarsitter: Schorst de vergadering om even naar haperende microfoons te kijken.