LEEUWARDERADEEL GEMEENTE 6B Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 13 desimber 2012 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 16. Moasje FNP oangeande minstbedeelden. De hear Dijkstra (FNP) seit dat Nederlan gjin gebruk makket fan de mooglikheid om Europeesk jild foar de minstbedeelden te krijen. Belgie krijt bygelyks 11 miljoen per jier. De FNP wol mei dizze moasje besykje foar elkoar te krijen dat Nederlan hjir ek jild foar oanfreget. De hear De Kroon (PvdA) stipet de moasje, mar freget oft de moasje net better oan de VNG stjoerd wurde kin om sa in breder draachflak te krijen. De heer Kielstra (WD) steunt de motie en ook het voorstel van de PvdA. De hear Ketellapper (GBL) slut him derby oan. 18 Moasje oangeande "minstbedeelden" yn Ljouwerteradiel. De ried fan Ljouwerteradiel byinoaryn de gearkomste fan 13 desimber 2012, oerweagende dat: - it foar de minstbedeelden yn us gemeente lykas yn oare gemeenten hyltiten dreger wurdt om run te kommen fan in utkearing of fan in ynkommen dat under it besteansminimum leit, - us gemeente lykas oare gemeenten net oan ynkommenspolityk dwaan mei, - mei de gemeentlike regelingen foar de minima net elkenien berikt wurdt dy ta de groep fan minstbedeelden hearre, - dat mei Europeeske jilden dizze minsken wol berikt wurde kin, - dat de Europeeske Kommisje foar it tiidrek 2014-2020 2,5 miljard Euro utluke wol foar steun oan de minstbedeelden, - dat de Europeeske Kommisje fan 2006-2013 dizze regeling ek al ynsteld hie, - dat it Haachske regear dit oant no ta hyltiten opkeard hat en dat der miljoenen op'e planke klear lizze foar de minstbedeelden yn us Ian, docht itfersyk dat: - it kolleezje dizze moasje under de oandacht bringe wol by de Regearing en by de leden fan de Twadde Keamer en der op oantrunt dat Nederlan meidocht oan de EU-regeling foar steun oan de "Minstbedeelden". en giet oer ta de oarderfan de dei. Stiens, 13 desimber 2012 Fraksie FNP-Liouwerteradiel: F. Dykstra, J-W. Tuininga en H. Hansma De hear Keuning (CDA) stipet de moasje.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2012 | | pagina 114