LEEUWARDERADEEL GEMEENTE 6B Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 13 desimber 2012 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 3. Ynsprekrjocht boargers De hear Lubberts sprekt yn op punt 14. 1 "Beste minsken, Oer in dikke moanne wol us gemeentebestjoer in referindum halde weryn de befolking har utsprekke mei oer fuzje mei Ljouwert of fuzje mei 4 oare gemeenten yn in nije Noardwest gemeente. By in referindum wolle jo de mieningfan it folk witte. It folk mei sizze wat se wolle. Prachtich idee! Mar se moatte no kieze ut twa opsjes, dy't de measten beide net wolle. Dat liket my net de bedoeling fan in referindum. Wit jim wol, wa't it earst it referindum op de politike agenda setten hat Dat wie Piter Jelles Troelstra! Hjir achter de muorre stiet in byld fan him. Ik tink dat hy it mal dien hie at hy fan dit referindum hearre soe. Dit is dochs gjin reele keuze: hjir krije jo it mes op de kiel setten, jo moatte kieze tusken ien fan beiden, wylst jo beide net wolle! It is in pseudo-referendum! It is itselde at wy aansens in referindum krije soene, weryn at we kieze moatte at Fryslan by Grins moat of dat Fryslan by Drinte moat. Ja, jo moatte kieze. No ja, dat wolle wy allegear ek beide net. At jim it referindum echt serieus nimme, dan moat d'r ek wat fatsoenliks te kiezen weze. Yn 1995 hat 90% fan de bewenners tsjin in fuzje mei Ljouwert stimd. Dat wolle de boargers dus net! Mar se wolle al hielendal net by sa'n grutte Noardwest gemeente ynklusyf Frjentsjer en Harns mei 70.000 ynwenners. Nee, dan seit de grutte mearderheid dan moat wy dochs mar by Ljouwert, want dat is it tichtste by en der wurkje wy ek. Dat is dochs gjin frije keuze It is in twongen keuze! Ik bin d'r fan oerstjuge dat de measten sa foar Ljouwert kieze sille. Foar dy hiele grutte gemeente mei Harns is hielendal gjin draachflak. Harns is fier fuort en hat hiele oare problematiken as wy: fergelykje de haven fan Harns marris mei de haven fan Britsum. Ik doarte wedzjen dat in grutte mearderheid fan de Harnzers net iens wit wer't Britsum en Koarnjum lizze. De kans is grut dat se yn de war binne mei Britswert en KoarnwertlEn beste minsken, neffens my moatte we sa'n grutte gemeente ek net wolle. Ik hear safolle sinjalen fanut de nije Sudwest Fryslan gemeente dat it net goed wurket der. Lit wy der fan leare! By u.o. skoallen is no it besef trochdrongen dat de fuzjes ek te fier trochsjitte kinne. Der wurde al dingen werom draaid. By de gemeenten is dit besef blykber noch net. Te lyts is net goed, mar te grut is ek net goed! Wy hawwe it yn NW-Fryslan oer 2 steden en 45 doarpen. Yn Fryslan hat sa'n bytsje elk doarp in doarpsbelang. Tinke jim echt dat de nije gemeente al dy doarpsbelangen serieus bylans kin? Ferjit it mar. Myn foarstel is om de fraachstelling yn dit referindum ut te wreidzjen en ek te freegjen at de boargers fiele foar in Middelse gemeente. Ik tink dat de measten hjir it mei my iens binne dat dit fierwei it beste is foar dizze regio. We fusearre mei lykweardige gemeenten wer't we no ek mei gearwurkje. Dit wurdt in gemeente mei 44.000 ynwenners. Dat is mear as grut genoch. Ik bin d'r fan oerstjuge dat ek de provinsje hjir wol yn mei gean wol. It kolleezje fan GS hat ek al sein, dat de gemeenten yn tin befolke gebieden minder grut hoege te wezen kwa ynwenner oantal. De nije fuzje gemeente de Friese Meren hat ek 'mar' 50.000 ynwenners. Ik soe sizze, prebearje dizze Middelse opsje asjeblyft nochris in kear! Ferwerderadiel sit ek wat yn spagaat en wol no fest wol wer meidwaan. De doar stiet noch hyltiid op in kier! Mar ik tink dat it ek sunder Ferwerderadiel noch wol kin: 35.000 ynwenners is ek moai genoch! Lit Harns en Frjentsjeradiel mar tegearre gean mei evt. in stik fan Littenseradiel. Dy sitte dan ek op sa'n 40.000 ynwenners. Jim moatte fan dy gedachte fan dy 100.000 ynwenners per gemeente of. Dat is yn us provinsje echt net nedich: de 'Commissie van Wijzen' wol fan 27 nei 13 gemeenten yn Fryslan. Dat betsjut dus gemiddeld 50.000 ynwenners per gemeente. Dan binne yn it tin befolke Noarden ynwenner oantallen fan 35.000 of 40.000 hielendal net sa gek. Dy 100.000 hoege wy echt net serieus te nimmen foar Fryslan, dan soene wy 6 gemeenten oerhalde. Dat is dochs te gek foar wurden! Krekt as dy 5 lansdielen, brek my de bek net iepen. Dit praat is gewoan

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2012 | | pagina 62