De hear Keuning (CDA) slut him by dy fraach oan en is foar it oare tefreden oer de antwurden fan de referindumkommisje, de kompliminten foar alle wurk. De hear De Kroon (PvdA) wol noch graach antwurd op de fraach oer de subsydzje. Hy docht de suggestje om folder en krante tagelyk te ferstjoeren. De PvdA is wol foar in ynformaasjejun, de dialooch mei de boarger moat wol fierd wurde. Dat moat ek wol kinne mei goede spulregels en in goede diskusjelieder, dan hat it mearwearde foar de befoIking. Der is ferlet fan en dan is de polityk ferplichte om syn miening te ferkundigjen. Hy ropt de oare partijen op om der dochs oan mei te dwaan. De hear Piersma seit dat it kolleezje yndied de krante foar it grutste part tariede sil, de kommisje hat it tafersjoch. It is net de bedoeling dat de fraksjes der noch oer harsenskraabje sille. De folchoarder fan ferstjoeren sil weze: opropkaart, folder, krante. De folder moat de minsken opwaarmje en de krante j out mear achtergrunynformaasje. De heer Kielstra (WD) is het daarmee eens, het geeft meerdere aandachtsmomenten bij de bevolking. De voorzitter vult aan dat er ook wettelijke voorschriften gelden, de oproepkaart moet b.v. apart verzonden worden. De hear Piersma seit dat de kommisje negatyf tinkt oer de subsudzjeoanfraach fan de PvdA- ofdieling, omdat it hiel lestich is om politike groepearrings jild te jaan. It jild is bedoeld om de fraksjes te fasilitearjen mei sa'n krante, oare aktiviteiten moatte se sels jild foar sykje. De hear De Kroon (PvdA) wol noch graach in reaksje op syn oprop om dochs mei te wurkjen oan in ynformaasjejun. Oer de ofwizing fan de subsydzje freget er wat de reaksje weze soe as in neutrale groepearring der om freegje soe. De voorzitter antwoordt dat de andere fracties de gelegenheid hebben gehad om te reageren op het verzoek van de PvdA, maar daar geen behoefte aan hadden. De hear Piersma antwurdet dat in eventuele subsydzje-oanfraach besjoen wurde moatte soe, mar dat de kommisje der primer foar is om te fasilitearjen. De voorzitter constateert dat het voorstel unaniem wordt aangenomen. Hij bedankt de referendumcommissie voor hun bijdrage en het vele werk dat men tot nu toe heeft verricht. 15

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2012 | | pagina 66