De hear De Jager (CDA) seit dat foar it CDA it kritearium is dat de stichting der sels mei ynstimd hat. De voorzitter brengt het amendement in stemming. Het amendement wordt verworpen met 6 stemmen voor PvdA 4, GBL 1 en WD 1) en 8 stemmen tegen (GBL 2, FNP 3 en CDA 3). Het raadsvoorstel wordt bij meerderheid van stemmen aangenomen. 14. Halden fan in referindum - de fraachstelling. De hear Piersma, foarsitter fan de referindumkommisje, seit dat de kommisje derop utkommen is dat se advisearje de fraachstelling oan de boarger te halden sa't dy is. It plan is om te kommen ta in kleurrike referindumfolder mei saaklike ynformaasje oer it referindum, wat it ynhaldt, de fraachstelling en wer't men stimme kin. De folder moat utnoegjend weze. De kommisje fynt it belangryk dat sa'n folder elke kiesgerjochtige berikt, mar der sit wol in priiskaartsje oan. Demeist kin der ek in krante utjun wurde, byg. as middenbled fan de Stienser Omropper. Derfoar kinne de rapporten brukt wurde en soene de fraksjefoarsitters de fisy fan de partijen jaan kinne. Mooglik kin der ek noch in ynformaasjejun halden wurde, mar dat moatte alle partijen mei-elkoar wolle. De heer Osinga vult aan dat om de jongeren te bereiken er een brief van de burgemeester kan gaan naar alle jongeren (onder de 30 jaar). De hear Keuning (CDA) bliuwt akkoart mei de fraachstelling sa't dy opsteld is. It CDA is foar in folder. As dy nei alle kiesgerjochtigen giet, is ek dudlik wa't de jongeren binne en kin de brief yn deselde sluf meistjoerd wurde. It CDA is ek foar in krante der't alle partijen in 10-tal fragen koart beantwurdzje, dat jout de boarger in goed byld fan de mienings. Yn de folder kin oproppen wurde om de Stienzer Omropper yn de gaten te halden, sadat elk it under eagen krijt. Der moat budzjet foar dizze wichtige saak fun wurde, de fraksjes kinne fia de mail op de hichte halden wurde, al hie it moaier west as der no al in budzjet bepaald west hie. De hear De Kroon (PvdA) is akkoart mei de fraachstelling, dy is dudlik en sil de opkomst net beynfloedzje. It foarstel oer de folder fynt de PvdA prima en dat jildt ek foar de krante, dy soe ek los utbrocht wurde kinne. Tagelyk soe ien en oar digitaal beskikber weze moatte fia de website. De PvdA wol ek wol meiwurkje oan in ynformaasjejun, mar fynt ek dat dan alle partijen meidwaan moatte. Kwa budzjet slut hy him oan by de opmerkings fan it CDA. Hy kompliminteart de referindumkommisje: dy hat mear oppakt as earst frege wie. De PvdA-ofdieling hat frege oft men subsydzje krije kin ut it beskikbere budzjet. It kolleezje hat dat ofwiisd en trochskood net de kommisje, wat fynt dy derfan? De heer Kielstra (WD) sluit zich aan bij de complimenten voor de referendumcommissie. Hij is positief over het uitbrengen van de folder. Hij is benieuwd hoe de commissie de verschillen tussen de fracties in die krant tot uitdrukking wil brengen. En hebben de fractievoorzitters daar nog een rol in? De WD is voor een informatieavond op voorwaarde dat alle partijen mee willen doen. Het aangehouden amendement over de vraagstelling heefit de commissie niets mee gedaan en daarom trekt de WD het in.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2013 | | pagina 47