LEEUWARDERADEEL GEMEENTE Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 14 maart 2013 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 10. Evaluaasje referindum De hear Keuning (CDA): It CDA fynt it in prima ferslach. De kommisje hat yn koarte tiid goed wurk ferrjochte. Kommisje, kolleezje en amtners hawwe it referindum libje litten by de befolking en dat hat laat ta in massale opkomst. Hy betanket de kommisje tige foar har ynset. De hear De Kroon (PvdA): De PvdA is under de yndruk fan de tarieding en de evaluaasje fan de referindumkommisje. De oanbefellings sil men wol net mear brake, mar soenen foar oare gemeenten fan belang weze kinne. De kommisje hat hiel wat saken regele. De kommisje wie lykwols foar it tasicht en der is neffens him dochs in ferstringeling fan taken untstien. Hoe tinkt de referindumkommisje deroer? De hear Kielstra (WD): De WD spreekt ook haar dank uit voor het gedegen werk van de referendumcommissie. Een dikke pluim voor de uitvoering. Heeft de referendumcommissie zaken gedaan die het college in de tijd heeft laten liggen? De hear Dijkstra (FNP): De FNP is ek posityf oer it wurk fan de referindumkommisje. De FNP siet ek wat mei de oanbefellings. Foar wa binne dy omearre? De hear Ekas (GBE): Ook GBE heeft geconstateerd dat de referendumcommissie uitstekend werk geleverd heeft. De hear Piersma: De opmerkingen fan de ried rinne him as lij wetter yn de earen. Hy giet yn op de fraach oft der in ferskowing fan taken west hat. Men hie mar 2,5 moanne de tiid en dat wie dus tige krap. De referindumkommisje wie derfan oertsjuge dat men tempo meitsje moast. Oare gemeenten hawwe der profyt fan wat der yn Fjouwerteradiel bard is. It waard net troch elke partij it kolleezje gund om ien en oar ut te fieren. Derom is der ek in oanbefelling om der op 'e tiid as referindumkommisje by belutsen te wurden. Hy seit de ried tank foar it betrouwen en de gearwurking, benammen ek rjochting griffier en sekretaris. Boargemaster Boertjens: Er is in overleg met het college vanaf het begin voortvarend door de referendumcommissie gewerkt. Het paste ook wel om zaken bij de referendumcommissie neer te leggen om daarmee de objectiviteit te waarborgen. Andere gemeenten kunnen gebruik maken van de ervaringen. Het college is erg positief over de inzet van de referendumcommissie.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2013 | | pagina 54