2 Sa't ik tiisdeitojoun alle riedsfraksjes ek al sein ha, wurdt yn de parse skreaun: Ljouwerteradiel wol by Ljouwert. Mar eins soene je better sizze kinne: Ljouwerteradiel wol net by Noardwest, of eins noch better: Ljouwerteradiel wol net by Harns en Frjentsjer. Dat ferwurdet it beste de utslach! It bliuwt foar my oars unbegryplik dat itselde folk wat yn 1995 mei 90% tsjin Ljouwert stimde no ynienen wol by Ljouwert wol. Nee, de measten wolle ek hielendal net by Ljouwert mar d'r wie net in oare kar. Nogmaals: dit referindum wie in twongen kar foar Ljouwert! Ik ha my der yn alle oprjochtheid tsjin fersetten, omdat ik net wat oankruse woe wer't ik net efter stean koe. Ik fyn it, lit ik it no mar ris in kear ungenuanceerd sizze, gewoan stom om us opfrette te litten troch Ljouwert. Wy sjitte der gewoan gjin donder mei op! De iennige dy't d'r wat mei opsjit is Ljouwert sels. Ek woe ik net yn in mega gemeente mei Harns en Frjentsjer: ik leau gewoan net yn dy supergemeenten, sjoch nei Sudwest Fryslan (ik hear fan safolle kanten dat it gewoan net rint der). En wy ha hielendal gjin bining mei Harns en Frjentsjer. Wat dat betreft kin ik de kiezers wol begripe. At d'r no oars gjin opsje west hie, dan hie it noch wer oars west. Mar wy wurkje notabene al 10 jier gear mei trije oare Middelsee gemeenten om us hinne. Wat is der dan net makliker dan dizze gearwurking om te setten yn in fuzje, tocht ik. At jo dit as butensteander besjogge, dan is it dochs gewoan te gek foar wurden dat jim dizze kans net pakke. Jim ha de bal foar it ynkoppen. Mar jim binne allegear beleste mei in stik ballast ut it ferline. It lukt jim blykber net mear om op in iepen en objektive wize hjir nei te sjen. Jim ha krekt as in hynder blynkappen op en drave mar troch. Derom wol ik prebearje jim de eagen nochris te iepenjen. Natuerlik wit ik ek wol dat d'r bestjoerlik gedonder west hat en dat Ferwerderadiel opstapt is (of fuortjage is, it is mar krekt hoe't je it besjogge). Mar amtlik wurdt d'r noch hieltyd in hiel soad gearwurke tusken alle Middelsee gemeenten. D'r rinne noch safolle konvenanten. Wat in gigantyske kapitaalvernietiging om al dizze ynvestearings no oan de kant te smiten. It hat in hiel soad jild en enerzjy koste om safier te kommen yn de Middelsee en no kostet it noch in kear in hiel soad jild en enerzjy om alles wer ut mekoar te skuorren. It is wier net te leauwen, it is gewoan beskamsum! Ik ha ik al earder sein dat it hielendal net frjemd is dat d'r nei 10 jier gearwurking wat yrritaasjes untsteane. Dat komt yn de beste houliken foar. Ik ha yn dit ferban de Middelsee gemeenten ek wol fergelieken mei in skip wat op de Middelsee run dobbert. D'r sitte 4 kapiteins mei 4 bemanningen op. Mei 2 kapiteins giet it al mis, lit stean mei 4. En alle bemanningen wolle har sechje ek nochris dwaan. Op in gegeven momint wurket dat gewoan net mear. Dan wurdt it gewoan tiid om in nije frisse bemanning op it skip te setten mei in nije kaptein dy't de koers utsette kin op de Middelsee. It kin dochs net wier weze dat omdat miskien 1 boargemaster of in pear bestjoerders spul meitsje, dat dertroch de beste opsje foar 44.000 minsken net trochgean kin? Yn it plak fan dat de spulbrekkers d'r utskopt wurde, moat it folk it no belije. Der kin ik my oprjocht lilk oer meitsje. It is einliks skandalich. Derom bliuw ik pleitsjen foar in gemeente Middelsee. Yn potinsje is in gemeente Middelsee in prachtige plattelansgemeente. Ek dat sjogge jim miskien net mear troch dy ballast ut it ferline. En foaral wy yn Ljouwerteradiel soenen d'r enthousiast oer weze moatte. Foar Stiens biedt dit hiel wat mear kansen dan dy opsjes yn it referindum. Stiens leit moai sintraal yn de Middelsee en is it grutste plak. Komop minsken, heal Stiens ademt de Middelsee. Sjoch mar ris wat allegear wol net ferneamd is nei de Middelsee yn Stiens. Ik wol jim suver smeke noch in kear it gesprek oan te gean mei yn earste ynstansje Menameradiel en it Bildt. Gean om tafel mei in iepen blik en helje gjin aide kij ut de sleat. Der fait echt mei harren te praten, sy hawwe skjin har nocht fan it wachtsjen op Harns. En einliks is d'r gjin ien fan beiden dy't echt mei dy Harnzer tobbedunsers wol. Lit Harns marfusearre mei Frjentsjeradiel. En ik bin d'r wis fan dat Hallum (en miskien Marrum) ek by de Middelsee wolle. Dat ha se my al dudlik witte litten. Gean no nochris in kear foar dizze Middelsee fariant. En lit jim net wiis meitsje dat it te lyts weze soe, dat slacht echt nergens op. Dat ha'k jim yn desimber al utlein. At jim der no nochris foar geane, dan is d'r echt in kans dat wy de oaren ek wer mei krije. Ik wol jim d'r graach by helpe troch bygelyks ek nochris te praten mei de riedsleden fan de oare gemeenten. Ik wol ek wol bemiddelje tusken de fjouwer partijen. Nim de tiid noch efkes,

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2013 | | pagina 5