De hear Hermans (GBL): Hij vindt dat de heer Lubberts het hart op de goede plaats heeft. Hij heeft veel campagne gemaakt voor Middelsee, maar toch heeft maar zo n 5% van de kiezers zich aangesproken gevoeld voor dat verband. Kan hij dat verklaren? De hear Lubberts: Hy hie sels ek hope op in grutter persintaazje. Hy siket de ferklearring yn de eangst fan de minsken dat in mearderheid oars trochgean soe mei de Noardwestfariant. 4. Bestjoerlike takomst Ljouwerteradiel - utslach referindum De foarsitter: Hij heeft veel waardering voor de grote medewerking van vele kanten aan het referendum. De raad zal uiteindelijk een besluit moeten nemen en zal deze avond een richtinggevende boodschap aan het college mee moeten geven. De hear De Kroon (PvdA): De PvdA-fraksje wie wakker ynnommen mei de utslach. Acht fan de tsien stimmers wienen foar Ljouwert en twa fan de tsien foar Noardwest. En yn de seis doarpen om Stiens hinne wie ek in grutte mearderheid foar Ljouwert. Dat femuveret him net. It is spitich dat ien en oar de ofrune jierren net sa moai ferrun is en hy tinkt derby u.o. oan de wize fan behanneling fan de eardere PvdA-wethalder. Dochs wol er net te bot weromsjen. It belang fan de bewenners stiet foar de PvdA sintraal. Wat moat der no barre en wa moat dat dwaan? Men kin spitigemoch pas yn 2018 mei Ljouwert fusearje. Hy wiist op de 'Ten Boer- konstruksje' yn Grinslan dy't him de kommende 4 jier tige geskikt liket foar Ljouwerteradiel. Fia in plan fan oanpak wurket men dan stap foar stap op de fuzje ta. Men moat no ek oars sjen nei in tal projekten. Hy tinkt derby oan it undersyk nei de ferbettering fan it underhald fan it iepenbier grien. De sinten foar dat undersyk kin men better yn de buse halde. In oar punt is it underhald fan de sportfjilden dat men privatisearje wol. It liket de PvdA better ta om dat no net mear foar de kommende jierren oan de ferienings oer te litten mar under te bringen by de BV Sport Ljouwert. De ict-automatisearring soe by Sudwestftyslan oanslute, mar men kin dy better oanslute litte by Ljouwert. Men moat ek gjin kontrakten ofslute oangeande de nije AWBZ yn Noardwestferban. Pak dat op mei Ljouwert. Ek oangeande de Dienst Sociale Zaken en Werkgelegenheid Noardwest Fryslan moat de gemeente syn koers bepale. Sa'n list fan projekten soe men fia in plan fan oanpak op 14 maart beprate kinne. we ha noch 5 jier oant dy oare evt. fuzjes plakfine kinne. Wachtsje ek noch mar ris efkes of hoe't it rint mei dy oere referinda. Nim no net oerhaast in beslut wer't jim letter spytfan krije! Wes net bang, dat jim hjirmei de miening fan it folk negearje. Want it folk hat nea kieze kinnen foar de Middelsee. Se ha no yn wezen allinnich sein dat se net by Harns en Frjentsjer wolle. Ik bin d'r fan oerstjuge dat in grutte mearderheid yn us gemeente foar in plattelansgemeente Middelsee is. En doch it no ris in kear as riedsleden mei mekoar, yn plak fan tsjin mekoar. Ek dat fyn ik beskamsum. yn plak dat jim opkomme foar de boargers, sitte jimme mekoar hjir bytiden de tint ut te fjochtsjen. Sjoch no ris in kear net nei partij belang, machtsbelang, jim eigen belang of wat foar belang dan ek, mar nei it belang fan de boargers! Lit jim hert sprekke! En net nei ofrin moaie praatsjes tsjin my ophingje: sizze is neat, mar dwaan is in ding! It referindum bepaalt net de takomst fan de gemeente, mar jim dogge dat! Sa kin jim d'r miskien dochs noch foar soargje dat de ungeloksdei tongersdei de 13e op dizze tongersdei de 14 ungedien makke wurdt! Tot slot: hjirby wol ik graach hartsjes run gean litte sadat jim net ferjitte jim hert sprekke te litten, want djip yn jim hert witte jim allegear wol dat de Middelsee it beste foar us is. En boppedat: it is hjoed Valentijnsdei, sjoch it ek as symboal dat jim leaf weze moatte foar mekoar. Nee, jim hoege mekoar no heus net om de hals te fleanen, mar set in streep under it ferline, hald op mekoar yn de hieren te sitten, en set jim noch ien kear ienriedich yn mei hert en siel yn foar de Middelsee!"

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2013 | | pagina 6