ii LEEUWARDERADEEL 7 Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 14 maart 2013 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 12. Bestjoerlike takomst op basis fan de utkomst fan it referindum De hear Ekas (GBL): GBL heeft de vorige keer haar standpunt al uiteengezet. GBL respecteert de duidelijke uitspraak van de inwoners. Men zal het fusieproces loyaal ondersteunen. Hij wacht de vragen van de andere partijen vooreerst af. De hear Kielstra (WD): Men heeft de vorige keer uitgebreid over de uitkomst van het referendum gesproken. Het college zou met een notitie komen hoe men stappen wil ondememen in het fusieproces. De inhoud is wat mager. De WD mist een concreet stappenplan/timetableWaarom staat die er niet in? Het is te vrijblijvend wat nu voorligt en het ontbeert aan tempo. De WD komt met een motie om het college te manen om de eerder genoemde elementen terug te vinden in de notitie. De hear Dijkstra (FNP): De FNP woe ek graach witte oft de ried fan Ljouwert wol sa graach nei in fuzje ta wol. It kolleezje hat in brief skreaun, mar der wie neffens syn ynformaasje yn Ljouwert noch neat fan bekend. De hear De Kroon (PvdA): Men praat oer de notysje fan it kolleezje oer de bestjoerlike takomst, mar dy leit allinne foar de riedsleden op besjen en dat is eins in belediging foar de boargers. Werom is de notysje net iepenbier makke? Op 13 febrewaris hat de ried 3 moasjes opnommen en it kolleezje soe dy utfiere. Yn hoefier binne dy besluten no utfierd? Yn de earste moasje fan de koalysje wurdt it kolleezje opdroegen 'Het overleg met Leeuwarden op zo kort mogelijke termijn aan te vangen'. It kolleezje hat wol in brief skreaun mar fierder neat undemommen. Soks stiet yn grut kontrast mei de situaasje fan in jier lyn doe't men der wol yn slagge om binnen 3 wiken mei de kolleezjes yn Noardwestferban byinoar te kommen. De twadde moasje gie om it oerbringen fan projekten nei Ljouwert. Hy wiist derby op it underhald grien en it undersyk nei de privatisearring fan it grienunderhald. Is it wol ferstannich om soks no noch te dwaan ynstee mei Ljouwert oansluting te finnen? Kin men foar it underhald fan sportfjilden net better oanslute by BV Sport Ljouwert? Der sit winst yn dy projekten en sokke projekten binne der mear. Dy list leit no net foar. Werom hat it kolleezje dat net dien? De tredde moasje gie om de relaasje mei Ljouwert. Hokker gearwurkingsplannen yn Noardwestferban kin men better realisearje mei Ljouwert? Yn de taljochting neamde de PvdA it foarbyld fan de tsjinst sosjale saken. De mienskiplike regeling wurdt opheft en der is dus alle reden om in plan te meitsjen om dy under te bringen by Ljouwert. Der binne wol mear mienskiplike regelingen der't dat foar jildt. It jildt bygelyks ek foar de AWBZ. Werom is dat plan der no net kommen?

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2013 | | pagina 72