4-Memo College d.d.28-02-13 inzake toezegging 16-02-12 met betrekking tot Uitleg taakstelling "geld" in Meerjarenbeleidsplan 2013-2016 van de Veiligheidsregio Fryslan (naar raadsleden verzonden op 06/03/13) Opiniearjend underdiel/Hammerstikken ut opiniearjend underdiel 9. Erfguodoardering De hear L. Tilma (CDA): It CDA kin der akkoart mei gean. Der wurdt wol omtinken frege foar it mei de han keppeljen fan de gemeentlike monuminten oan de list. Giet it letter automatysk as it MALTA-proof is lykas as mei FAMKE? Wethalder Keizer: Hy sil it utsykje en der ynformaasje oer jaan. De hear H. Hansma (FNP): De FNP giet mei it foarstel akkoart. De foarsitter: Hij stelt vast dat dit ook voor de andere partijen geldt. Er wordt unaniem conform het voorstel besloten. 10. Evaluaasje referindum De hear Keuning (CDA): It CDA fynt it in prima ferslach. De kommisje hat yn koarte tiid goed wurk ferrjochte. Kommisje, kolleezje en amtners hawwe it referindum libje litten by de befolking en dat hat laat ta in massale opkomst. Hy betanket de kommisje tige foar har ynset. De hear De Kroon (PvdA): De PvdA is under de yndruk fan de tarieding en de evaluaasje fan de referindumkommisje. De oanbefellings sil men wol net mear bruke, mar soenen foar oare gemeenten fan belang weze kinne. De kommisje hat hiel wat saken regele. De kommisje wie lykwols foar it tasicht en der is neffens him dochs in ferstringeling fan taken untstien. Hoe tinkt de referindumkommisje deroer? De hear Kielstra (WD): De WD spreekt ook haar dank uit voor het gedegen werk van de referendumcommissie. Een dikke pluim voor de uitvoering. Heeft de referendumcommissie zaken gedaan die het college in de tijd heeft laten liggen? De hear Dijkstra (FNP): De FNP is ek posityf oer it wurk fan de referindumkommisje. De FNP siet ek wat mei de oanbefellings. Foar wa binne dy omearre? De hear Ekas (GBL): Ook GBL heeft geconstateerd dat de referendumcommissie uitstekend werk geleverd heeft. De hear Piersma: De opmerkingen fan de ried rinne him as lij wetter yn de earen. Hy giet yn op de fraach oft der in ferskowing fan taken west hat. Men hie mar 2,5 moanne de tiid en dat wie dus tige krap. De referindumkommisje wie derfan oertsjuge dat men tempo meitsje moast. Oare gemeenten hawwe der profyt fan wat der yn Ljouwerteradiel bard is. It waard net troch elke partij it kolleezje gund om ien en oar ut te fieren. Derom is der ek in oanbefelling om der op 'e tiid as referindumkommisje by belutsen te wurden. Hy seit de ried tank foar it betrouwen en de gearwurking, benammen ek rjochting griffier en sekretaris.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2013 | | pagina 16