LEEUWARDERADEEL GEMEENTE Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 25 april 2013 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 12. Moasje koalysje oangeande it ferlet fan in keunstgersfjild foar fuotbalferiening DTD De hear Dijkstra (FNP): DTD wol helderheid oer in keunstgersfjild. Hy lest de moasje foar. "De ried fan Ljouwerteradiel byinoar yn de gearkomste fan 25 april 2013, Hy foeget der noch oan ta dat yn Britsum en Stiens al keunstgersfjilden kommen binne en dat DTD in behoarlike utstrieling hat. De hear De Kroon (PvdA): Tige tank foar it oanfiterjen fan it kolleezje. Mar as der kosten achterwei komme, ferwachtet er wer in moasje fan de koalysje. yn omtinken nimmend dat: al jierren lang vv DTD har behelpe moat mei unfoldwaande kwaliteit fan de treningsmooglikheden, dit in unevenredige druk leit op de beskikbere gersfjilden, dertroch de kwaliteit en dermei de bespylberens fan de gersmatte te winskjen oerlit, konstatearjend dat: fersiket it kolleezje: vv DTD yn maart 2010 al in oanfraach dien hat by de gemeente foar in keunstgers(trenings)fjild, de kwaliteit fan it hjoeddeiske treningsfjild sadanich is dat der gauris utwykt wurde moat nei de wedstrydfjilden, de maten fan it hjoeddeiske treningsfjild net tarikkend binne en ek net as sadanich te meitsjen binne dat der wedstrydtrenings op halden wurde kinne, yn oerlis mei vv DTD te kommen ta utwurking fan de mooglikheden om in folweardich wedtrydkeunstgersfjild oan te lizzen, it advys fan de KNVB d.d. 27 maart 2013 hjirby te beluken, en giet oer ta de oarderfan de dei. Ondertekend op 25 april 2013 door: fraksie GBL R.A. Ketellapper W. Ekas L.G.G.P. Hermans fraksie FNP F.D. Dykstra J.W. Tuininga H. Hansma fraksie CPA J.E. Keuning H. de Jager

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2013 | | pagina 88