PH LEEUWARDERADEEL 5 Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 13 juny 2013 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 9. Jierrekken 2012 De hear De Kroon (PvdA): De PvdA is bliid mei de bettere rapportaazje. De fmansjele ferantwurding is ek goed. San fan de tsien programma's hawwe it neffens de begrutting helle. By de oare trije binne de tsjinfallers net sa grut, utsein dy fan it programma wenjen (2 ton). Op side 108 steane de ynvestearrings. It grutste part fan it wurk is meinommen yn it rinnend underhald en foar dy wize fan oanpak kin de PvdA wurdearring hawwe. It giet lykwols net goed mei de frije algemiene reserve, dy't oardel ton leger wurden is. As dat in trend wurdt dan is de pot yn 2016 leech. Men mist in oersjoch fan de besunigings fan 2012. Sa'n tabel heart der neffens de PvdA yn de jierrekken by. De berekkening fan it wjerstansfermogen is tige yngewikkeld. Der binne in tal risiko's neamd mar dy wurde net dutsen yn it wjerstansfermogen. Men soe noch 2,5 ton romte yn de leezjes hawwe as men dy kostendekkend meitsje soe. Mar dy leste opsje is net reeel want dy leezjes binne net op te bringen. Op side 56 giet it oer de yntegriteit. Der docht men net safolle oan. Yn it presidium hat men ofpraat dat men der yn de nije ried mear oan dwaan wol. Dus wol de PvdA mear ynset derop by it personiel. De feriening fan Fryske griffiers hat in rapport skreaun oer de regeling fan de ferbune partijen. Hoe passe de ferbune partijen dy regeling yn Ljouwerteradiel sunt 2010 ta? Der is ea in mienskiplike regeling Middelsee ynsteld. Wat is der mei bard? De hear Dijkstra (FNP): De FNP beheind him ta side 4. Der is in posityf saldo fan 3 ton neffens it kolleezje. Mar foar 2012 wurdt der op foarhan 105.000 euro op De Steens ofboekt en wurde der eksploitaasjelesten fan 103.000 euro opnommmen en foar 2013 komt der nochris 105.000 euro by en as men dat allegearre trochrekkenet dan is it echte resultaat dus mear as 6 ton. Oan ynsidintele baten is der 5 ton. Wer is dy 2 ton dan? Of leit it oan de besunigingsoperaasje? Graach in taljochting derop. It kolleezje hat op eigen manneboet foar mear as 3 ton in bestimming socht. Allinne foar bedraggen under de 50.000 euro hat it kolleezje lykwols de frije han. Hoe sit dat no krekt? De hear Keuning (CDA): It resultaat is 316.000 euro. As men de programma's trochrekkenet dan komt it CDA ek op in resultaat fan goed 6 ton. Yn de fmansjele kommisje waard dudlik dat der mear as 2 ton ofboekt is op De Steens en ek noch 1 ton op de rintejilden. Der hie krekt, lykas de hear Dykstra seit, in riedsfoarstel oer de bestimming fan de jilden foarlizze moatten. It CDA wol foar in grut part de 316.000 euro tafoegje oan de algemiene reserve. Der binne fansels soargen, want der binne strukturele kosten. Men moat goed de finger oan de pols halde. It CDA makket har ek soargen oer de minsken dy't it krap hawwe. Derta hat it CDA in amendemint opsteld.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2013 | | pagina 25