Boargemaster Boertjens: Men heefit dat laatste gedaan om onder de psychologische drempel van 2 miljoen uit te komen. De cijfers zien er nu wat beter uit dan een paar maanden geleden. Wethalder Keizer: By de kademota wol hy weromkomme op it underhald fan de wegen en de iepenbiere romte. Wethalder De Haan: Het college kan instemmen met het amendement van het CD A. Voor de jaren na 2013 zal men het structureel bij de kademota moeten onderbrengen. Twadde termyn De hear De Kroon (PvdA): Watfoar besunigingen binne der no yn 2012 realisearre? Sa'n listke soe der yn de rin fan it jier eins komme moatte. Men hat in tal ferbune partijen en dy moatte de wurkwize fan dy mienskiplike regeling tapasse. Hokker ferbune partijen passe yn Ljouwerteradiel dy regeling ta? Middelsee bestiet net meat en kin dus opdoekt wurde. It amendemint fan it CDA is wat apart, mar hat de ynstimming fan de PvdA. Wol graach in taljochting op it skoalswimmen. De 3 ton soe men yn in foarsjenning stekke moatte foar meidwaan fan de minima fia de gesinsbydrage. It jild moat men al dy jierren ten leste bringe fan dy foarsjenning. Dan soe de PvdA foar it amendemint weze. De hear Dijkstra (FNP): De FNP wol it beslut oars hawwe troch 'werkelijke' foar 'resultaat' yn te foegjen. Hy bedoelt dan it resultaat fan goed 6 ton. De oanpak fan De Steens kin men letter wol besjen. Oangeande it amendemint: Men is krekt yn Ljouwert dwaande mei it minimabelied en dat kin men better earst ofwachtsje. De hear De Kroon (PvdA): Yn in reaksje op it stanpunt fan de FNP jout er oan dat yn it amendemint yn 2013 de bydrage noch ferheegje wol. Yn 2014 docht men itselde en as der in oar belied komt, fait de foarsjenning frij. Neffens de PvdA kin it dus prima. De hear Hermans (GBL): GBL heeft er moeite mee om er structureel een bedrag voor beschikbaar te stellen. De suggestie van de heer Dijkstra vindt hij niet zo slecht. De gezinsbijdrage van 75 euro is volgens hem nog niet eens zo slecht in vergelijking met andere gemeenten. De hear De Kroon (PvdA): De minimaregeling foar de gesinsbydrage kostet op jierbasis ruchwei 20.000 euro. Foarich jier hat men it bedrach feststeld op 75 euro. In foarsjenning fan in ton soe genoch weze foar de kommende 5 jier. De hear Dijkstra (FNP): Men moat nei de untwikkelingen op it minimabelied by oare gemeenten, lykas Ljouwert, sjen. De FNP kin dan ek net mei it amendemint meigean. De hear Keuning (CDA): It CDA is bliid mei de ekskuzes fan it kolleezje. Hy is bliid dat wethalder De Haan meigean kin mei it amendemint. Men moat it bedrach foar de fierdere jierren reservearje en men hoecht neffens it CDA net nei Noardwest te sjen en ek net nei Ljouwert. Mefrou Van der Meulen (WD): De WD neemt haar aandachtspunten mee naar de kademota. De WD kan meegaan met de suggestie van de FNP voor de aanpassing van het besluit. Het amendement van het CDA krijgt geen instemming. De VVD blijft hierin

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2013 | | pagina 28