leeuwarderadeel 5 Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 13 juny 2013 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. lO.Underhald iepenbier grien en sportfjilden De hear L. Tilma (CDA): It CDA kin akkoart gean mei it earste punt fan it foarstel. By it twadde punt stiet 'De mogelijkheden daama nader af te wegen en opnieuw voor te leggen.' It CDA wol 'mee afwegen' en meardere foarstellen hawwe. De oanstjoering fan de grienfoarsjenning soe troch in eksteme grienfersoarger ynklusyf de ferplichtingen nei Empatec ta en de eigen meiwurkers utfierd wurde moatte. Dy saken moatte yn it undersyk meinommen wurde. Mefrou Van der Meulen (WD): De WD kan zich in het besluit vinden. Maar men wil dat het college gelijktijdig met het inventariseren van het grondbeleid van Leeuwarden met name de aanbevelingen uit het rapport Buiten de Perken voortvarend oppakt. Op kortere termijn kan men daarmee besparingen inboeken. De hear H. Hansma (FNP): De yntegrale grienfisy en sportnota binne dudlik. It is in goede saak dat men oansluting siket by Ljouwert en de FNP kin achter de oanbefellings ut it rapport stean. Op betingst dat it eigen grien en de fjilden der net op achterut geane. De hear P.van der Werff (PvdA): De gearwurking mei Ljouwert is prima. Yn it rapport Buiten de Perken wurde in tal stevige utspraken dien en men soe men dan ek mei de oanbefellings oan de slach gean moatte. Wat docht it kolleezje mei it rapport? De hear Ketellapper(GBL): It rapport is om te skriemen. Hy sitearret u.m. 'Het beter aansturen van de buitendienst zal tot een verbetering van de kwaliteit leiden werken zonder opzichter zonder normen voor het eindresultaatIt is yn syn eagen unfoarstelber. Wethalder Keizer: De krityk is terjochte. Foar in diel waard ek syn byld befestige, mar dochs is er ek noch skrokken fan de ynhald fan it rapport. It kolleezje wol de oanbefellings mei faasje oppakke. Twadde termyn De hear Ketellapper(GBL): Hy slut him oan by de suggestjes fan de oare partijen. Is de wethalder ek teloarsteld yn bepaalde minsken? De hear L. Tilma (CDA): Men soe der sa nei sjen moatte dat men aanst yn de ried ek noch in kar hat. Wethalder Keizer: Hy stelt him foar dat men yn de hjerst nochris by elkoar komt om te sjen hoe't it stiet mei de gearwurking mei Ljouwert en mei de oanpak fan de oanbefellings fan it rapport.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2013 | | pagina 34