De hear L. Tilma (CDA): As dat praktysk is dan is dat yn oarder. Nim ek it foarwurk mei. En tuskentiids graach ynformaasje. Wethalder Keizer: Der is teloarstelling, mar hy wol der ek op wize dat de ried sels struktureel te min budzjet beskikber steld hat. De hear De Kroon (PvdA): Yn it rapport stiet dat as de tsjinst goed oanstjoerd wie dat men nivo B helje kinnen hie. Dat stiet buten it leste. De hear L. Tilma (CDA): De ried hoecht him de oanstjoering en it kommentaar derop net oan te luken. Wethalder Keizer: Hy wiist derop dat der op it te min oan budzjet yn it rapport wiisd wurdt. Dat oare punt wol er lykwols net fuortpoetse. De hear Ekas (GBL): Men heeft er als GBL al jaren op gewezen dat de aansturing en het onderhoud aandacht nodig heeft. De gevraagde bedragen zijn nooit door de raad beschikbaar gesteld. De foarsitter: De wethouder heeft toegezegd dat men met het rapport en de samenwerking aan de slag gaat en dat men in de herfst van 2013 hierover in een informele vergadering voorgelicht wordt. De raad stemt hiermee in. Er wordt unaniem conform het voorstel besloten.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2013 | | pagina 35