LEEUWARDERADEEL
GEMEENTE
5
Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei
13 juny 2013 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens.
12.Bouoardering Ljouwerteradiel, oanpassing fan kest 2.1.5.
De hear L. Tilma (CDA): De oanpassing is op syn plak. Unnedige, hege kosten wurde dermei
tefoaren kommen. De rol fan de amtner wurdt grutter en belangriker en freget dus wol
deskundichheid. It CDA is ynnommen mei dit bettere maatwurk.
De hear Dijkstra (FNP): It is in kreative oplossing en dy moat altyd weze.
Wethalder Keizer: Men sil derop tasjen dat de deskundichheid op peil bliuwt.
De foarsitter: Er wordt unaniem conform het voorstel besloten.
10