hawwen. Dat koekje foar de amtners moat lykwols werom. Oangeande programma 7 merkt er op dat de 24.000 euro foar de bemeopfang neffens de FNP in slompe jild is. De hear De Kroon (PvdA): It giet min mei de utflering fan it jierplan 2013. Men hat 215.000 euro mear utjun yn trije moanne tiid as dat de bedoeling wie. Dat kin men sa net fuortsette. De PvdA stelt foar dat it kolleezje in undersyk docht nei it opfangen fan dy tsjinfallers, sadat men der as ried noch wat fan sizze kinne. De ferantwurding fan it belied is net altyd like konkreet. Hy wiist derby u.o. op de buertbemiddeling. Der stiet wol in opsomming fan in tal saken, mar soks seit fansels neat oer it sukses fan it belied. Men moat oanjaan kinne wat de gearkomsten opsmite. It giet de PvdA dus om in konkrete ferantwurding fan it belied. Dat is it kolleezje noch net slagge nettsjinsteande eardere winsken deromtrint. DB Britsum hat in protte enerzjy stutsen yn plannen. Soe Britsum baat han hawwe by in soepeler omgean mei it doarpefuns? De PvdA hie de yndruk dat de prestaaasje-ofspraken mei de wenningboukorporaasjes al yn 2012 undertekene binne, wylst yn it stik stiet dat dy yn 2013 ree binne. De ried wol ek graach meiprate oer de prestaaasje-ofspraken mei de wenningboukorporaasjes. Op side 34 giet it oer it ynhieren fan in saakkundige foar de saken omtrint Skalm en biblioteek. Is sa'n saakkundige wol nedich?. De direkteur fan de biblioteek en de direkteur fan de Skalm kinne dochs gearkomme under lieding fan de wethalder? De opdracht foar it undersyk nei it underbringen fan de biblioteek yn de Skalm leit der al twa jier. Neffens de PvdA hoecht der gjin adviseur te kommen foar de privatisearring fan de Skalm. It is hielendal net dudlik wat der mei de privatisearring fan de Skalm bedoeld wurdt. It aktiviteitensintrum en it jongerensintrum binne al privatiseard. It iennige wat der oer is, is it gebou fan Skalm. Men moat dus earst better witte wat men mei de privatisearring fan de Skalm bedoelt. Haast is derby gjin sterk argumint, want der hat tiid genoch west om dat ut te wurkjen. Op de siden 37 en 42 sjocht men dat it der min foar stiet. In strop fan sa'n 80.000 euro nimt men mei ut 2012 nei 2013. Hoe komt it dat der neat fan de besunigings terjochte komt? Miskien komt de PvdA noch mei in amendemint. De hear Keuning (CDA): De measte fraksjes hawwe al har soargen utsprutsen oer de foarjiersnota en dy binne der ek by it CD A. By programma 1 merkt er op dat de utwreiding fan de oeren foar de griffier neffens it CDA oars utwurke wurde soe. By programma 3 stiet dat it underhald fan de gebouwen optimalisearre en fersobere wurde moat. Dat liket wat tsjinstridich. Graach in taljochting derop. Foar it grienunderhald hat it gjin sin om der undersyk nei te dwaan omdat men op dat med no better mei Ljouwert gearwurkje kin. Hoe sit it mei de untwikkeling fan Middelsee III? It kolleezje moat mei OVL gearwurkje oangeande de oanpak fan de winkelleechstan. By de Jint moatte de cv-liedings no al ferfongen wurde. Is it doedestiids wol goed utfierd en kin men de kosten ferhelje? It weromdraaien fan de besunigings op it skoalmaatskiplik wurk is in goede saak. It is foar Stiens en Ljouwerteradiel tige wichtich dat men wit wannear't der yn De Steens boud wurde kin. Hoe wurde partikuliere wenningeigners stimulearre om oan ferbettering fan de duorsumens mei te dwaan?

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2013 | | pagina 9