GEMEENTE I Leeuwarderadeel 5 Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op tongersdei 20 febrewaris 2014 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 13. It feststellen fan de Oardering offier grunwetter Ljouwerteradiel 2014 De hear P.van der Werff (PvdA): It giet benammen om de mooglikheid om gebietsoanwizing te jaan foar ofkeppeling fan it rioel. It is him lykwols net alhiel dudlik. Yn in nij oan te lizzen strjitte der't in skieden rioelsysteem is, sil der dochs ek in oankeppeling weze moatte. Of giet it om de situaasje der't in inkeld rioel is (sawat de hiele gemeente)? De hear L. Tilma (CDA): It is in helder ferhaal. Men hat earder besletten dat 'lozing van wateroverlast op het riool is toegestaan.' Mar as der in ekstra rioel komt dan wol de gemeente graach de mooglikheid hawwe om de minsken te twingen net mear dat wetter op it smoarchwetterrioel ofwetterje te litten mar op dat oare rioel. It CDAfynt dat ridlik. De hear Ketellapper(GBL): It is foar him net alhiel helder. Foar nijbou is it wol dudlik. It is dochs de bedoeling net dat men sa mar in briefke fan de gemeente krijt dat men it op in oare wize oanpakke moat en dat men dat sets mar foar eigen kosten oplosse moat? Wethalder Keizer: By nijbou is it yndied maklik te regeljen. Men moat neffens it grunwetterbeliedsplan de ofwaging meitsje tusken kosten en baten. Der binne gebieten mei klachten ynventarisearre. It giet hjir benammen om grunwetter. Men kin de boarger ferplichtsje om oan te sluten as der sa'n net leit. De kosten jilde dan allinne foar syn eigen grun. De rest is foar de gemeente. Twadde termvn De hear P.van der Werff (PvdA): Dat leste stiet der net yn. De hear Ketellapper(GBL): De gemeente hat de sinten der net foar en it foarstel is dus yn syn eagen net utfierber. Wethalder Keizer: Yn it basisdokumint is feststeld dat der in feroardering grunwetter komme moat. Hy sil noch neigean oft de (finansjele) betingsten oer de oanslutingen foar de boarger al of net yn de feroardering opnommen wurde moatte. De foarsitter: Hij stelt vast dat het stuk met verwerking van de gedane toezegging terugkomt en het agendapunt besluitvormend aan de orde komt op 13 maart 2014.

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2014 | | pagina 93