Hij snapt nu ook waarom hij op een bepaalde plaats in de raadszaal terecht is gekomen: Wiebe is daarbij de buffer tussen Reitze en hem. Zijn werk en gezin doen hem naar het Zuiden van het land trekken. Hij wil vertrekken met de zin die hij de nieuwe raad wil meegeven 'Life is not about waiting for the storms to pass, it is about learning to dance in the rain'. De hear Tilma (CDA): De CDA-fraksje wie in manneklup. Jan en Henk hawwe syn coaches west en hawwe him weiwiis makke yn it riedswurk. Yn grutte ienriedigens is men altyd mei de saken nei buten kaam. Henk hat twa perioades yn de ried sitten en gie oer sosjale saken, der't de hear Tilma sels it measte net fan begriep. Jan hold him benammen dwaande mei finansjes en underwiis en hat in soad tiid oan syn riedslidwezen bestege. Beiden sille as belutsen minsken harren draai wol fine yn de mienskip. Hy wol har foardrage yn it ferlingde fan it sukses fan it CDA as 'vader van het succes'. Hy hopet dat it beiden goed gean sil. Hy biedt har as tank blommen oan. De hear De Jager (CDA): Hy woe ophalde nei dizze riedsperioade. As amtner is er eins yn de polityk gien. Dat is eins in nuvere beweging: fan utfiering nei it meitsjen fan plannen. Hy seit de fraksje, de ried en it kolleezje tank foar it stelde betrouwen en de boargemaster en Lubbert foar de goede wurden. De hear Keuning (CDA): Hy komt ut in polityk nest. Froeger wie it altyd CHU en letter waard dat it CDA. Hy en syn broer funen dat politike gedoch mar neat. Mar dochs krige er letter ynteresse foar de polityk. Hy hat in pear kear op 'e list stien, mar it waard him krekt net. Doe hat er him in tiid talein op tsjerkewurk en it fuotbaljen. Mar yn 2006 kaam er dochs wer op de list en by de ferkiezingen ek yn de ried. En yn 2010 nochris. It wie in moaie perioade en hy betanket de ried, it kolleezje en de griffier foar de gearwurking. Hy winsket de sittende en de nije raadsleden in goede leste perioade foar de gemeente Ljouwerteradiel ta. De hear Ketellapper(GBL): As nestor fan de ried wol er noch wat sizze. Hy kin him oanslute by de wurden fan de foarsitter. Hy wie doedestiidstige sjarmearre fan de oanpakfan Leo by Radio Middelsee en derom hat er him by GBL binnenhelle. By GBL binne it allegearre 'haantjes'. Der hat in protte diskusje west tusken de fraksjeleden, mar men is der altyd ut kommen. It is spitich dat Leo no net mearyn de ried sit. Hy fun dat Harm Hansma syn wurden altyd goed ofwage. Hy giet noch eefkes yn op de skiednis fan de ferkeap fan de Nuon-oandielen. Foar 55.000 euro kaam der uteinlik ferljochting foar DTD en Stiens. Henk de Jager hat er kennen leard ut de CHU-tiid. Elk hat op syn eigen wize in bydrage levere. Jan Keuning hat ek in protte wurk ferset foar tsjerke en it fuotbaljen. Hy hat der ek respekt foar dat Jan op grun fan 'voortschrijdend inzicht' ta in oare opstelling komme koe. Hy betanket de ofskiednimmende riedsleden foar harren ynset en winsket har in goede tiid ta. 7. Sluting De voorzitter bedankt iedereen voor de aanwezigheid en inbreng en sluit de vergadering om 21.00 uur. Sa feststeld yn de iepenbiere riedsgearkomste fan 24 april 2014 de griffier, de foarsitter^. (drs. J.R.A. Boertjens) (mw./rnr. G.J. Olthof)

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2014 | | pagina 7