Onderdiel koalysjefoarming 2014-2018 14. It weromsjen troch de fraksjefoarsitters nei de ferkiezings fan 19 maart 2014, de Onderhannelings en de foarming fan it kolleezje De hear De Kroon (PvdA): De PvdA sjocht tefreden werom op de ferkiezingen. De koalysje- underhannelingen binne neffens him goed ferrun. De petearen mei de hear Bijl runen derop ut om in koalysje te Gndersykjen fan de PvdA, de CDA en de WD. Der leit no in goed koalysjeprogramma foar en der binne trije kundige wethalders nei foaren skood. De hear Brouwer (CDA): Yn febrewaris is it CDA mei de kampanje ut ein set. Men woe u.o. de eigen identiteit mear foar it Ijocht bringe. De kiezer hat dat beleanne en dat hat in ekstra sit opsmiten. By de koalysjefoarming hinkte it CDA op twa skonken. Men hie yn de koalysje altyd goed gearwurke mei de FNP en GBL. De PvdA en it CDA hienen no beide in bytsje wun. Derom is men serieus yngien op it advys fan de hear Bijl om earst in koalysje PvdA-WD-CDA te undersykjen. De koalysjepetearen wienen soms tige pittich, mar dochs is deryn syn eagen in goed programma ta stan kommen. Men hat alle betrouwen yn de foardroegen wethalders. De hear Ketellapper(GBL): Men hie by de foarige ferkiezingen 30 stimmen tekoart foar de 4e sit en men hie de hope dat it no wol slagje soe. Dat is spitigernoch net bard. Trije partijen hawwe inoar by de eardere koalysje fun. De ferhaldingen binne troch de leste ferkiezingen eins net bot feroare. It CDA hie mar 3 stimmen mear as de FNP en kaam dertroch op 4 sitten. De hear Bijl hat him yn syn eagen foar it karke spanne litten. Men moat as boargemaster boppe de partijen stean en dat waard no wol gefaarlik troch de formateursrol fan de hear Boertjens. No komt der in WD-wethalder by yn it kolleezje. Men hie ek mei 2 wethalders ta kinnen want men wol sa gau mooglik de gearwurking mei Ljouwert yn praktyk bringe en dat skeelt wurk. Soks is yn Menameradiel ek bard. It is spitich dat it sa run is. No stiet der yn it koalysjeprogramma dat men yn 2018 of earder amtlik gearwurkje wol, wylst men it earder oer de datum 1 jannewaris 2018 iens wie. Helje dus de beneaming fan 3 wethalders fan de aginda en gean mei boargemaster Crone fan Ljouwert yn petear. De wethalders hawwe ek gjin saaklike eftergrun. De hear Ekas (GBL): Vanaf het referendum heeft hij gehoopt dat men ongeacht de uitslag van de verkiezingen voor een raadsbreed college zou gaan; dit in het belang van de eigen bewoners. Nu zit men met een niet-raadsbreed college. Als GBL had gewonnen dan had men naar zo'n raadsbreed college gekeken. De hear De Kroon (PvdA): It stiet wol fest dat sawol by de ynformateur Bijl as by oaren nea it idee libbe hat om ta sa'n soart fan sakenkolleezje te kommen. De hear Ekas (GBL): De informateur haalt informatie bij alle partijen weg en is in zijn ogen op de stoel van de formateur gaan zitten. Heeft men als raad en samenleving wel zitten wachten op deze consequenties? Hij had het richting zuiden liever anders gezien. Men heeft in de raad, in het kader van de bezuinigingen, unaniem afgesproken om terug te gaan naar 1,5 fte voor de invulling van de wethouderposten. Dat is nu 1,9 fte geworden; dat is structureel 30.000 euro per jaar meer. Hij snapt heel goed dat er veel op de gemeente af komt, maar die belasting ligt voornamelijk bij het ambtelijk apparaat. De behoefte aan uitbreiding van de tijdsbestedingsnorm van wethouders ten opzichte van 2010 is dus niet op zijn plaats. De hear Dijkstra (FNP): By de ferkiezings kaam de FNP 3 stimmen tekoart foar in tredde sit. Mei de besteande koalysje hat men der posityf oer praat en dat wie foar de FNP de reden om gjin wertelling oan te freegjen. Op 21 maart 2014 wie der in petear fan GBL, FNP, WD en CDA oer in brede koalysje. 8

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2014 | | pagina 12