gm GEMEENTE 1m Leeuwarderadeel Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op woansdei 21 maaie 2014 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 10. Maaitiidsnota 2014 De hear De Kroon (PvdA): Der binne in pear fikse tsjinfallers. Hie de foarjiersnota net folle koarter kinnen? It part oer in projekt ut Rotterdam soe bygelyks weilitten wurde kinne. Behein fierder de teksten yn de notysje ta de ofwikingen fan de programmabegrutting yn de earste 3 moannen. Wat is de reden dat bern net meartrochferwiisd wurde nei buro Halt? Werom is de yndikaasje foar iepenbier grien en riolearing net grien ynstee fan oranje? Der binne ommers gjin ofwikingen. Kin men de ynvestearring yn de waarmteopwekking by It Gryn net better aktivearje? By de gemeentlike gebouwen is de kommende 5 jier in tekoart fan 44.000 euro. Kin men de kosten foar 'ekonomyske saken' en 'sekretary' net gewoan werombringe nei it nivo fan de begrutting? Kin it jild fan underwiisbegeiieding samar oerhevele wurde nei WE? Werom liedt dat ta in neidiel fan 9.000 euro? Werom stiet it Sintrum foar Jeugd en Gesin op oranje? Is it gebietsteam op side 27 itselde team as dat fan de desintralisaasjes? Op 15 april hat it kolleezje ynstimd mei in bydrage fan 93.000 euro foar it beliedsplan foar de biblioteken Noordwest. Dat is no in tsjinfaller? Is it jild dan no pas regele? Werom steane Bouwe yn doarpen, Ferpaupering en Bestimmingsplannen op oranje? It undersyk nei planskea kostet 12.000 euro. Kinne dy kosten net ten leste fan de projekten brocht wurde? De hear Dijkstra (FNP): Op side 39 en 40 steane de sifers. Dat is foar de FNP it utgongspunt. Op side 28 wurdt by de biblioteek oer ynsidinteel en struktureel jild praat. Op side 39 wurdt der oer ienmalich jild praat. Dat leste moat neffens him 81.900 euro weze en de strukturele post moat - 11.000 euro weze. It strukturele tekoart giet dan omheech nei omtrint 69.000 euro. Hoe sit dat no krekt? Fierder hat er gjin opmerkingen. De hear Ekas (GBL): Het is een grove indicatie. Tot zijn grote vreugde staan er niet zoveel rode vlakjes in. Ten opzichte van de beoogde bezuinigingen voor de periode 2012-2016 loopt men helaas flink achter. De hear Brouwer (CDA): It sjocht der yndied reedlik posityf ut, mar der binne yndied soarchlike untwikkelingen. It femuveret him dat der net op it tanimmend tal ynbraken yngien wurdt by programma 2. Op side 19 kin it CDA de kosten fan goed 90.000 euro net gehiel ferklearje. Graach in ferklearring fan it bedrach. Op side 23 stiet in opmerklik ferhaal oer it RIA-projekt yn Aide Leije. De ferkearde utfiering hie troch boargerpartisipaasje foarkommen wurde kinnen. Op side 28 stiet in bedrach dat net alhiel strookt mei it bedrach op side 29. Wer wurdt de oare 5.000 euro op baseard? Hy stipet it foarstel fan de hear De Kroon oangeande de kosten foar it undersyk fan planskea. De hearTilma (CDA): Hy lest de moasje oangeande programma 2 foar: 5

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2014 | | pagina 19