gm MGEMEENTE 1L4 Leeuwarderadeel Ferslach fan de riedsgearkomste fan de gemeente Ljouwerteradiel op woansdei 21 maaie 2014 om 19.30 oere yn it gemeentehus fan Stiens. 12. Finansiering Tiimlieder Gebietstiim Ljouwerteradiel De foarsitter: Men zou het niet over de drie decentralisaties hebben maar alleen over het besluit. De hear Klaver (GBL): Het is een belangrijke functie en een goede invulling kan veel geld opleveren. GBL gaat dus akkoord. De hear Pot (WD): Dat geldt ook voor de WD. Mefrou Bijsterbosch (PvdA): Het gaat om 17.000 euro voor de teamleider. Op bladzijde 19 staat het bedrag van 67.000 euro. Waar komt het bedrag van 32.000 euro vandaan? Hoe verhoudt het plan zich tot de andere activiteiten zoals het BSP en de Omtinkerij? De hear Tigchelaar (CDA): It underwerp is folle breder as allinne de finansiering fan de teamlieder. De kadernota mei de titel Feststelle en trochpakke is yn jannewaris yn de ried feststeld. Nei oanlieding fan de kadernota is de notysje Gebietsteam Ljouwerteradiel makke. De saak wurdt no wol konkreter. It budzjet is fan de gemeente en dy fiert de rezjy. It is goed dat foar de pilotperioade in unofhinklike teamlieder oansteld wurdt. It utfieringsplan sjocht der goed ut. It is in groeidokumint. Fan spesjalist nei generalist. Dy leste moat ynsjen kinne wat der te reden is. Der binne trije bystjoeringsmominten. Fan ferskillende organisaasjes hawwe professionals deroan meiwurkje. It CDA wol as spearpunten meijaan: kwetsbere alderen, (oerbeleste) mantelsoargers en 'zorgmijders'. Werom is de WMO- advysried net belutsen west by it ta stan kommen fan de notysje en it utfieringsprogramma? En werom is de WMO-advysried net om in advys oer de stikken frege? De boargerpartisipaasje hat neffens him hjir dus net plakfun. It gebietsteam moat sa gau mooglik oan de slach. Jou sa gau mooglik de notysje en it utfieringsprogramma oan de WMO-advysried. Dy kin dan mooglik oanbefellings dwaan oan it kolleezje. It CDA is akkoart mei it sa gau mooglik sykjen fan in teamlieder. Wethalder Vos: It foarstel is helder. Hy wol derop wize dat de hear Tigchelaar him basearret op in tal saken dy't under it foarige kolleezje ta stan kommen binne. Der wurdt op boargerpartisipaasje wiisd. It giet lykwols om in hiel oare wize fan tinken. Men moat tinke faniit it stanpunt fan deselde dy't holpen wurde moat. It giet te fier om der op dit momint djipper op yn te gean. Op 19 juny wurdt men der fierder oer bypraat. It giet der dan benammen om op hokker moment de ried derby ynskeakele wurdt en hoe't men omgiet mei bygelyks de WMO-advysried en de zzp'ers. Hoe wol it CDA de 'zorgmijders' berikke? In teamlieder is in belangrike persoan foar de ynrjochting fan it gebietsteam. De fraach oer it bedrach fan 32.000 euro moat er noch neigean. De foarsitter: Hij herhaalt nog eens de toezegging aan dat er een schriftelijke toelichting van de wethouder op de genoemde bedragen komt. 11

Historisch Centrum Leeuwarden

Notulen van de gemeenteraad van Leeuwarderadeel | 2014 | | pagina 56